Dielname Sven Kramer oan NK allround noch ûnwis

19 nov 2020 - 13:17

It is noch net wis oft reedrider Sven Kramer takom wykein meidocht oan it NK allround yn Thialf op It Hearrenfean. De fjouwerfâldich olympysk kampioen is net hielendal fit. De 34-jierrige Kramer melde him tongersdei dêrom ek ôf foar in digitaal parsemomint.

Sven Kramer - Foto: www.orange-pictures.nl

"Hij heeft negatief getest op corona, maar voelt zich een beetje grieperig", sei in wurdfierder fan syn ploech Team Jumbo-Visma. "Sven is vanochtend weer getest en die uitslag komt nog. Vrijdag valt de beslissing of hij van start gaat."

Kramer is seisfâldich Nederlânsk kampioen allround. Syn lêste titel ferovere er yn 2015, dêrnei die er net mear mei. Troch de coronakrisis binne der dit jier folle minder wedstriden op de langebaan. Mei dêrtroch is it dielnimmersfjild op it NK allround dit jier in stik sterker as oars.

(Advertinsje)
(Advertinsje)