ROC Friese Poort oer Cambuurstadion: "Unienichheid oer priis, miljoenen ferskil"

19 nov 2020 - 12:51

It ferskil tusken wat skoalle ROC Friese Poort betelje woe en wat projektûntwikkelder Wyckerveste hawwe woe foar in skoalle yn it nij te bouwen Cambuurstadion wie gewoanwei te grut. Dat seit Remco Meijerink fan it kolleezje fan bestjoer fan de skoalle. Neffens him wie it ferskil tusken beide partijen ferskate miljoenen oer in hierperioade fan 15 jier. De ûnderhannelingen oer it ferskil sieten fêst.

Cambuurstadion

Woansdeitejûn waard bekend dat ûntwikkelder Wyckerveste de saneamde business case fan it stadion net rûn krije koe. Dêrom hat de ûntwikkelder him weromlutsen út it projekt. Ien fan de knipepunten wie dat ien fan de potinsjele hierders, skoalle ROC Friese Poort, gjin hantekening sette koe ûnder de oerienkomst mei de projektûntwikkelder.

Neffens Remco Meijerink koe de skoalle it net mei Wyckerveste iens wurde oer de kwaliteit en priis. "We hebben alles bekeken. Maar voor het bedrag dat wij maximaal wilden uitgeven aan een volledig ingerichte school, daarvoor wilde Wyckerveste de school alleen casco opleveren. We zouden 15 jaar gaan huren, dan hebben we het over miljoenen verschil tussen vraag en aanbod. De onderhandelingen daarover zaten eigenlijk wel muurvast."

Remco Meijerink fan ROC Friese Poort

By ROC Friese Poort binne se bot teloarsteld oer dizze tsjinslach. "Wij willen heel graag naar een nieuw stadion, want we zien een enorme meerwaarde voor onze studenten. Ze kunnen in zo'n omgeving praktijkervaring opdoen in bijvoorbeeld horeca, detailhandel en beveiliging. Maar wij moeten publiek geld uitgeven, en daar zitten grenzen aan. Die grenzen zijn in de voorstellen van de ontwikkelaar maximaal overschreden, en daar konden we niet mee akkoord gaan."

'We kunnen niet eeuwig wachten'

Meijerink ferwyt himsels neat. "Met de kennis van nu had ik afgelopen jaren veel concreter afgesproken wat we verwachten voor welke prijs. Dat wel. Wij hebben hier heel veel tijd en energie ingestopt. Eigenlijk hadden we in 2020 al een nieuw gebouw nodig, maar elke keer hebben we gezegd dat we nog wilden en konden wachten. Maar dat kan niet eeuwig duren. Wij gaan hier nog een aantal maanden door in de verkenning met de partijen die het nog zien zitten, maar veel langer kunnen we ook niet wachten."

Reaksjes fan Cambuur, Friese Poort en riedslid Van der Galiën fan LIJST058:

De tweede grote klap in een paar maanden tijd.

Kees Elzinga, foarsitter supportersferiening SC Cambuur

By de supportersferiening is de teloarstelling grut, sa seit foarsitter Kees Elzinga. "Dit is de tweede klap die wij in een paar maanden tijd krijgen, nadat we dit voorjaar niet promoveerden." Neffens Elzinga wie it wol dúdlik dat de bou fan it nije stadion net hielendal soepel ferrûn. "Het proces duurde natuurlijk al lang. Uit gesprekken met de directie van Cambuur bleek wel dat het langer ging duren, maar er was nog altijd een goede hoop. Daarom komt het nu ook zo hard aan."

Kees Elzinga fan de supportersferiening fan SC Cambuur

De supporters wolle harren klup graach stypje, mar de grutte fraach is: hoe. "Wij kunnen het belang van een nieuw stadion voor de club uitspreken waar nodig en waar mogelijk willen we dat proces ondersteunen. Maar hoe dat concreet moet werken, zie ik nu even niet. Gezien onze sportieve resultaten denk ik dat het interessant kan zijn voor een potentiële investeerder. We willen graag eredivisie spelen, en ons huidige stadion is niet eredivisiewaardig."

"Fertraging fan seker in jier"

Ek yn de gemeenteried wurdt mei soarch sjoen nei de ûntwikkelingen. Otto van der Galiën fan Lijst058 is lykwols net fernuvere. "Eltsenien seach it wol in bytsje oankommen. Mar fan útstel komt tink ik gjin ôfstel yn dit gefal. It hiele terrein leit al op de skop, om no op te hâlden is ferskriklik. It is ek in projekt dêr't in ûntwikkelder him mei op de kaart sette kin, it is wol in projekt mei útstrieling. De kommende dagen moat alles goed útsocht wurde, mar ik haw goede hope dat der in nij stadion komt."

Otto van der Galiën fan Lijst058

Wannear't dat nije stadion der dan stean moat? "De fertraging sil grif in jier wêze tink ik."

(Advertinsje)
(Advertinsje)