Tsjakadoea betiid útskeakele op EK judo

19 nov 2020 - 12:14

Tornike Tsjakadoea fan Ljouwert is al yn syn earste wedstriid op it EK judo yn Praag útskeakele. Yn de klasse -60 kilo ferlear er nei trije straffen fan de Oekraïner Artem Lesiuk. It is in tige teloarstellend resultaat foar Tsjakadoea, dy't tocht dat er meidwaan soe om de medaljes.

Tornike Tsjakadoea (argyf) - Foto: www.orange-pictures.nl

Tsjakadoea, dy't as fiifde pleatst wie, wie yn de earste ronde frij. Yn syn wedstriid tsjin Lesiuk krige er yn de earste fiif minuten in straf foar passiviteit. Fierder skoarde gjinien fan beide judoka's, wêrtroch't de wedstriid nei in ferlinging gie. Dêryn krige Tsjakadoea noch twa straffen, wêrtroch't er de wedstriid ferlear.

Tsjakadoea woe goud

De Ljouwerter wie foar neat minder as in gouden medalje ôfreizge nei Tsjechië. It wie pas syn twadde toernoai sûnt de útbraak fan it coronafirus. In pear wiken lyn waard er ek op de Grand Slam yn Boedapast betiid útskeakele. "Ik moet het hebben van mijn ritme en daarvoor heb ik toernooien nodig, qua wedstrijdgevoel en scherpte", sei er dêroer. "Het is goed dat dat voor het EK was. Ik voel me best wel goed."

It EK wie foar Tsjakadoea ek wichtich mei it each op de Olympyske Spelen. Op it EK binne punten te fertsjinjen, wêrmei't judoka's op de Spelen in maklikere lotting krije kinne.

Ausma sneon yn aksje

Tornike Tsjakadoea is net de iennige Fries op dit Europeeske kampioenskip judo. Sneon komt Natascha Ausma yn aksje yn de klasse oant 78 kilogram op it toernoai yn it Tsjechyske Praag. Freed sjogge we op ús webside en yn de app foarút nei de kânsen fan de judoka fan Lippenhuzen, dy't in oantal wiken lyn noch brûns wûn op de Grand Slam yn Boedapest.

Trefwurden: 
judo Tornike Tsjakadoea Praag
(Advertinsje)
(Advertinsje)