GGD warskôget foar ferkearde coronatesten: 12 besmettingen sa ûntstien

19 nov 2020 - 11:07

De GGD warskôget foar ferkeard ynkochte coronatesten fan kommersjele laboratoaria. Neffens direkteur Margreet de Graaf kinne dêrtroch grutte missers ûntstean. "Een werkgever heeft laatst verkeerde testen ingekocht die niet gevalideerd waren. Daarna ontstond er een uitbraak van twaalf besmettingen", sa fertelde De Graaf tongersdei yn in gearkomste fan de bestjoerskommisje Gezondheid fan Veiligheidsregio Fryslân.

Foto: Shutterstock.com (Horth Rasur)

De Graaf neamde de opkomst fan de ferskate kommersjele testlaboratoaria 'een soort cowboyland'. "Daarmee wil ik trouwens niet zeggen dat het allemaal cowboys zijn." Lang hie de GGD gjin sicht op de werklike besmettingen om't de kommersjele positive testen net trochjûn waarden. "Dat gebeurt nu gelukkig wel. Het zou ook fijn zijn dat we de negatieve uitslagen krijgen zodat we nog een beter inzicht krijgen in het besmettingspercentage."

Mear testkapasiteit

Yntusken kin de GGD alle testoanfragen maklik oan, sa sei De Graaf. "We hebben nu tweemaal zoveel capaciteit dan nodig is. Maar we gaan gewoon door met opschalen, want die derde golf zal er toch wel komen."

Sa komt der yn Fryslân yn desimber in grutte teststrjitte by. Neffens De Graaf rinne de sifers yn Fryslân wer op. "We zien veel besmettingen in vriendengroepen en bij thuisfeestjes. Dat is nog steeds een gevaarlijke plek. In de huiskamer gaat het op zich wel goed, maar bij de deur gaat het mis. Bij het afscheid nemen, vaak met wat alcohol op, dan wordt er vaak geknuffeld."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Trefwurden: 
GGD coronafirus testen
(Advertinsje)
(Advertinsje)