Druk op sikehuzen bliuwt heech, nettsjinsteande delgong besmettingen

19 nov 2020 - 10:47

Nettsjinsteande de delgong fan it tal coronabesmettingen bliuwt de druk op de sikehuzen heech yn Noard-Nederlân. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland (AZNN).

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema

De druk op de intensive care-bêden likegoed as op de ferpleechôfdieling bliuwt heech, ek al is it relative tal besmettingen yn Noard-Nederlân it leechst. It AZNN ferwachtet wol dat de situaasje de kommende tiid ferbetteret. Dan sjogge de sikehuzen ek wer nei it opskalen fan de reguliere soarch.

Kritike soarch - soarch dy't binnen seis wike moat - hoecht op it stuit net útsteld te wurden, seit it AZNN.

400 pasjinten út oare regio's

Sa'n 30 persint fan de Nederlânske coronapasjinten dy't net yn de eigen regio behannele wurde kin, wurdt nei sikehuzen yn Fryslân, Grinslân of Drinte brocht. Dat is mear as yn de oare regio's. Yn de twadde coronaweach hawwe de sikehuzen yn Noard-Nederlân oant no ta 400 pasjinten oernaam út oare regio's: 325 op de ferpleechôfdielingen en 75 op de intensive care.

Trefwurden: 
sikehûs soarch coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)