Foks mei honger yn Bûtenpost: koppen fan achttjin piken ôffretten

19 nov 2020 - 16:52

Behearders fan kampkes lân mei bisten en oare ynwenners fan Bûtenpost wurde oproppen hinnen en oar lytsfee binnendoar te hâlden. Yn it doarp en omkriten is nei alle gedachten in foks aktyf.

Foto: Pixabay

Op yndustryterrein De Swadde is sneon yn alle gefallen in foks sinjalearre. Op ien adres binne achttjin hinnen snipt en tritich aaien meinaam. "De piken hiene de kop derôf", seit Grytsje van der Meer-Weening. "Dat is fansels gjin moai gesicht, ek net foar de bern. Op ús hiem leine noch wat fearen mei wat fel deroan."

Op in oar adres binne trije piken snipt.

Grytsje van der Meer-Weening oer wat se tongersdeitemoarn oantrof

Trefwurden: 
Bûtenpost Foks
(Advertinsje)
(Advertinsje)