Joop Mulder Plak fan Oerol foar talkshow nei keunstners Verwey en Muntslag

19 nov 2020 - 10:17

Dionne Verwey en Jennifer Muntslag hawwe dit jier de Joop Mulder Plak fan Oerol wûn. Dizze priis is elts jier foar in keunstner dy't ferrassend wurk makket yn it lânskip fan Skylge. Verwey en Muntslag hawwe de stimulearringspriis fan mear as 10.000 euro krigen foar harren live talkshows mei Het Imaginaire Eiland fan festival Oerol.

Jennifer Muntslag en Dionne Verwey - Foto: Oerol

In fysyk festival wie dit jier net mooglik en dêrom hat Oerol besletten de priis te jaan oan de makkers dy't de konneksje mei it publyk foarmjûn hawwe. "Zij zijn met ons in het diepe gesprongen in het zowel voor ons als voor henzelf nieuwe medium van online live televisie. Zij hebben zeer intensief samengewerkt met Erika Zeegers, de tolk gebarentaal op Het Imaginaire Eiland, en zijn samen met haar als team aan de slag gegaan om de talkshows toegankelijker te maken," sa hat Oerol witte litten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)