Liveblog | 19 novimber 2020

Coronanijs fan 19 novimber: 128 nije besmettingen, 3 deaden | 'Restaurants mooglik heal desimber iepen'

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus te folgjen.
Lêst bywurke: 19 novimber 2020, 23:07
23:00

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog foar hjoed. Tank foar it folgjen. Freed is der wer in nij liveblog.
22:17

Achtkarspelen mist eveneminten: ferfeling by jongerein soarget foar skea

De gemeente Achtkarspelen is dermei oan: groepen jongerein dy't foar oerlêst soargje yn de doarpen. Alle doarpen yn de gemeente ha der lêst fan, neffens Gemeentebelangen. Boargemaster Oebele Brouwer seit dat it net allinnich giet om jeugd út de eigen gemeente, mar in grutte groep dy't yn de hiele regio foar problemen soarget.
21:20

Fryske boargemasters op ien line: karbidsjitten moat trochgean kinne

It karbidsjitten yn Fryslân moat dit jier gewoan trochgean kinne, fine de boargemasters yn de provinsje. Dy sitte allegearre op ien line, seit boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen. Hy antwurde op fragen fan it CDA, dat witte woe hoe't it komme soe mei de tradysje.
20:10

Ferkearde tests liede ta útbraak

Troch ferkearde tests te brûken, is der by in bedriuw in coronaútbraak ûntstien, dat seit Margreet de Graaf fan de GGD. "In bedriuw ergens yn Nederlân hat hiel erch syn bêst dien en sneltesten foar it personiel ynkocht, mar dat wiene de ferkearde testen. Dat betsjutte dat besmette meiwurkers gewoan oan it wurk wiene."
"Wy bringe no alle kommersjele partijen yn kaart en jouwe it oan de ynspeksje troch at wy tinke dat it net goed giet." De testen fan de GGD binne better as de kommersjele alternativen, seit De Graaf, en dat soarget somtiden foar oare útslaggen. "At minsken by ús herteste falt in kwart fan de útslaggen oars út."

Grutte kapasiteit

It is foarearst net nedich om by kommersjele partijen te testen, omdat de GGD mear as genôch kapasiteit hat. "It giet hiel goed, wy ha eins fierstente folle", laket De Graaf. "Dat dogge we mei sin, want we ferwachtsje noch wol in pyk. Op it stuit kinne we 2400 minsken teste, der binne deistich no goed 1400 minsken dy't der gebrûk fan meitsje. At de testlokaasjes iepen binne, komt de kapasiteit op fiiftûzen."

Sifers

It tal besmettings yn Fryslân rûn de ôfrûne dagen wer wat omheech, mar dat soarget net fuort foar noed by de GGD. "Je moatte it altyd yn de gaten hâlde, mar wy gean der no noch fan út dat it om in pyk giet yn in delgeande trend."
Margreet de Graaf fan de GGD
19:30

27 besmettingen yn Snitser wensoarchsintrum Frittemahof

Yn wensoarchsintrum Frittemahof yn Snits binne sechstjin bewenners en alve meiwurkers posityf test op it coronafirus. Fiif fan de bewenners binne oerpleatst nei it Covid-hûs op It Hearrenfean. Ien bewenner is oan it firus stoarn. Fanwege de besmettingen beslút Patyna om de lokaasje te sluten foar besite.
It docht bliken dat in aktiviteitegroep de boarne is fan it grutte tal besmettings. "Ferline wike freed hiene wy ús earste bewenner dy't posityf teste, dêrnei ha wy de oare bewenners ek testen en doe die bliken dat it grutste part fan de bewenners dy't dêr te gast is posityf test", sa seit regiomanager Henk Hijlkema fan Patyna.
16:36

'Mooglik fan heal desimber ôf alle restaurants iepen'

Mooglik kinne alle restaurants fan heal desimber ôf de doarren wer iepenje. It wie de bedoeling dat der dan úteinset wurde soe mei in proef mei 25 restaurants, mar neffens RTL Nieuws is it foar it kabinet in serieuze opsje om direkt alle restaurants yn Nederlân te iepenjen.
Der soene wol stange betingsten jilde by de weriepening fan de restaurants. Sa soene it personiel en de klanten ferplicht mûlkapkes drage moatte en soene der 'kuch-skermen' tusken de tafels komme moatte.