Swimbad De Wetterstins yn Burgum optein: "Top dat wy wer iepenje kinne"

19 nov 2020 - 08:25

By swimbad De Wetterstins yn Burgum binne se optein: want sy meie wer iepen. Minsken koene woansdei al reservearje en it wie fuortendaalks drok mei telefoantsjes. "It is top om wer iepen te wêzen. Foar ús as personiel, mar ek foar de klanten. Benammen om't wy de sluting diskear net echt oankommen seagen. Dus dan is it ekstra moai dat wy wer iepen meie en dat der gjin ferlinging komt," seit swim-ynstrukteur Henny Bouius.

Swimbad De Wetterstins

Der stiene tongersdeitemoarn ier en betiid al minsken yn 'e rige foar it swimbad. "Wy hiene twa wiken fansels gjin minsken, mar derfoar hiene wy maksimaal tolve yn in healoere. Dus it komt wer wat op gong no," seit Bouius.

Hektyske dagen

Hy fertelt dat de maatregel om de swimbaden te sluten ditkear as in ferrassing kaam. Earder dit jier moasten sy ek ticht, mar dat seagen sy wol oankommen. En it soarge ek foar betizing. Bouius: "Earst like it der op dat de swimlessen wol trochgean mochten, dêrnei wie it wer net sa. Dus doe krigen wy in soad reaksjes en fragen. It drege is dat wy it antwurd net jaan kinne, wy bepale it net. Dus dy dagen wiene wol hektysk, benammen de kommunikaasje nei bûten ta."

Njonken it swimbad leit in sporthal, en dêr mochten bern noch wol sporte. "Dat is wol frustrearjend: 50 meter fierder binne de basisskoallebern oan it sporten yn de sporthal. De skoallen dy't delkomme en oars skoalswimme hawwe soene, sizze ek: wêrom is dit? Hoe kin dit no? Mar ik tink dat dy no wer bliid binne."

Underhâld

It personiel hat de ôfrûne wiken brûkt om ekstra te himmeljen en de masinekeamer yn oarder te bringen. "Doe't bekend waar dat wy ticht moasten hawwe wy fuortendaalks in gearkomste hân. Wy hawwe in lesplan trochnaam om inoar skerp te hâlden en wy hawwe yn de tuskentiid ûnderhâld dien. Mar dat hâldt op in gegeven momint ek op. Je wolle gewoan oan it bad stean en les jaan. Himmelje heart der by, mar dat wolle je gjin twa wiken lang dwaan," seit Bouius.

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar mei swim-ynstrukteur Henny Bouius

Swimbad De Wetterstins yn Burgum - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

Ien fan de betide swimmers is der tige wiis mei dat er wer dûke mei: "Ik genietsje hjir, ik haw 14 dagen wachtsje moatten. Ik hie al efkes boekt, dus ik koe fuort wer te plak. It is in swimbad ûnder dak en swimme is goed foar je lichem. In moaie sport om te dwaan. Ik bin hjir mei myn frou. It giet sa bêst as wat hjir. De ôfrûne wiken haw ik mar wat fytst en kuiere om yn beweging te bliuwen. Mar ik bin bliid dat it swimbad wer iepen mei. Ik snap de maatregels ek wol, hear. Wy dogge ús bêst en hoopje dat COVID sa gau as mooglik fuort giet. Wy sjogge it wol. Ik fiel my hjir no wol feilich."

Ferslachjouwer Jantine Weidenaar by swimbad De Wetterstins

Trefwurden: 
Burgum swimbad coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)