Kollum: "Skynhillich II"

"Ik hie eartiids in tige aardige learaar dy't trije kear sêft en aardich frege oft it stil wêze koe yn 'e klasse. Holp dat net, dan pakte hy in grute liniaal en knalde dy mei de platte kant op it skoalboerd. Eltsenien skrok, mar it wie stil. Guon giene noch efkes fan 'jeetje, skrik my dea', mar de oandacht wie der. Dat is wat ik ferline wike yn myn kollum dien haw.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Minister Arie Slob fan Underwiis sei ferline wike yn de Twadde Keamer dat skoallen homoseksualiteit ôfwize meie. Yn stee fan wat algemiens te skriuwen, tocht ik dat it wol goed wêze koe om it ris konkreet te meitsjen. Ik fûn in Reformatoaryske skoalle yn Fryslân, basisskoalle Eben Haëzer yn Drachten. Dy hat in identiteitsdokumint op de webside stean, mei homofobe teksten. Dat haw ik op dit plak ferteld, en ek wat de gefolgen dêrfan wêze kinne.
It hat aardich wat los makke. Stipe kaam der fan in aardige âldere frou dy't transgender is, fan in tal basisskoalledirekteuren en fan minsken dy't harren belutsen fiele by de LHBT-saak. De measte en langste brieven kamen fan minsken dy't it ûniens mei my wiene, oant fersiken oan de Omrop ta om my te ûntslaan. Alinea's tekst waarden bestege oan it omskriuwen fan de pine dy't myn kollum feroarsake hat by harren.
Efkes foar de goede oarder: ík mocht earst ynkassearje. LHBT's krigen de earste klap op de wang, en dat wie net nij. En ditkear ek noch fan in sittend minister yn ús regear, dy't de oare dei mei ekskuzen fuort kaam. Net ien fan de kritisy toande dat selsynsjoch. It is gjin wedstrydsje slachtofferskip, mar soks lis ik wol efkes njonken my del.
'It is net wier!' waard der fierder skreaun, oer dat ik sei dat sy op dit soarte fan skoallen de bern geastlik mishannelje, dat der homohaters ôf komme en dat der bern wei komme dy't ôfgryslik mei harren aard of gender yn 'e knipe komme kinne, dêr't dat net nedich is. It is ál wier. Ik haw legio anekdoatyske foarbylden, en ik haw sifers.
It Sociaal en Cultureel Planbureau publisearre yn 2015 in ûndersyk nei seksualiteit en jongelju, dêr't klip en klear yn stiet dat LHBT-jongelju fjouwer oant fiif kear faker besykje selsmoard te plegen as harren cis-gender, hetero leeftiidsgenoatsjes. SCP ûndersocht yn 2016 hoe't der yn Nederlân oer LHBT's tocht wurdt, en ûnder religieuze minsken wie dat substansjeel negativer as yn trochsneed. En dan hawwe wy it oer ChristenUnie-stimmers; SGP'ers wiene der te min foar dit ûndersyk, dus dêr witte we it net iens fan, mar it is gjin rocket science. Wy hawwe it dus net oer moslims, wy hawwe it oer ûnder oare refo's.
Yn 2009 ferskynde der in seldsum rapport fan de plysje oer wat de eftergrûn is fan fertochten fan anty-homogeweld. Komplekse matearje, mar dêr komt út dat der in 'oververtegenwoordiging' is fan bygelyks Marokkanen. En ja, dêr is noch hiel wat te winnen. Mar in soad minsken snappe net hielendal wat 'oververtegenwoordiging' is. Yn hast twa tredde fan de gefallen wurde homo's yninoar skopt troch minsken dy't allinnich de Nederlânske nasjonaliteit hawwe. Jan, Pyt en Klaas dus, dy't op it fuotbalfjild heard hawwe dat je prima mei 'homo' skelle kinne of oars wol yn it identiteitsdokumint fan harren skoalle lêze kinne dat LHBT's minderweardige minsken binne.
Dus dit efkes foar de frou dy't, twa kear, mailde dat as myn kollum oer moslims gien wie, myn holle al oer strjitte rôle hie. In debattrúk: ja mar sy dan! Och hoe kinne dy leave refo's no min wêze? Some of my best friends! Wer gjin argumint. En binne sy leaf as sy homo's ôfwize? Nee. En it giet streekrjocht yn tsjin Artikel 1 fan de Grûnwet. Hie ek net ien it yn de krityk oer.
Sy sizze dat sy net oardielje, om't sy de Bibel letterlik nimme. Mar dat oardiel is wol deeglik troch harren sels makke. Se binne ferantwurdlik foar harren kar gods wurd ta de heechste wet te kiezen. Dat is in kar. It ôfwizen fan in leafdeslibben foar LHBT+ is in kar. Do bist wreed asto dat as basisskoalle yn in artikel oer dyn identiteit stean hast. Dêr bringe je dochs net in bern mei grut? Dit kostet minskelibbens.
Kom net by my mei gejammer datst kwetst bist. Probearje dy ris ien minút yn te libjen yn in LHBT'er en tink efkes oan hoe't der de ôfrûne iuwen mei harren omsprongen is, út namme fan ferskate goaden. Dus nee, ik byn net yn. Ik tink oan de ferlykbere kollum fan Kustaw Bessems yn De Volkskrant, dy't reagearret op dat hy, lykas my, sels yntolerant neamd wurdt. Nee, seit hy, 'dat was eerder te mild' en 'Seksuele identiteit is onlosmakelijk met iemand verbonden en dus geen discussiestuk. Opvattinkjes over wie het met wie zou mogen doen zijn aanmatigend, wreed, schadelijk en een smet op het ouderschap.'
Der pripkjet net in soad troch yn de bubbel fan de refo's, en sy hawwe altyd wol in dogma klear om net nei je harkje te hoegen. Ik sloech mei in liniaal op it skoalboerd. It is al yn hûnderttûzen sêfte petearen besocht om in brêge te slaan tusken ortodoks-kristlik Nederlân en LHBT's, en it helpt allegearre neat. Arie Slob is noch gewoan minister. Dat sy no yn de buert fan Drachten efkes jokte hawwe fan my: prima. Skel my mar út. Wat is de folgjende stap, en dan haw ik it net oer my, mar oer de bern wêr't wy ferantwurdlik foar binne.
Leafs fan in homo, eks-grifformeard."