Nynke Laverman wol mei 'Plant' in spegel foarhâlde

19 nov 2020 - 06:53

Nynke Laverman wol mei har nije album minsken in spegel foarhâlde oer hoe't wy mei de wrâld en inoar omgeane. Oars as mei har oare wurk, fielt sy de driuw om har kritysk út te sprekken. Fan freed ôf komt har album Plant stadichoan út: eltse moanne komt der in nij nûmer nei bûten ta, in saneamde slow album release.

Utsprekke

It nije album is ûntstien út har soargen oer de krises yn de wrâld. Sa as de klimaatferoaringen en de problemen mei it bioferskaat. "Wy sjogge no wat der op ús ôfkomt. It ferlammet ek, want it is hiel grut. Wy moatte ús ôffreegje hoe't we de dingen dogge en hoe't de dingen oars kinne." Laverman hopet dat minsken yn in momint fan rêst hjir goed oer neitinke en der dan wat mei dogge. Dat docht sy sels ek.

"Sa haw ik bygelyks al myn lytse deistige dingen tsjin it ljocht holden. Haw ik al dat guod dat ik automatysk altyd keapje wol echt nedich? En moat ik al dat plastic brûke? It is hiel leuk om op sa'n soarchfâldige wize dwaande te wêzen: it jout foldwaning." Se wit hiel goed dat se hjirmei de wrâld net rêde sil. "It giet om it ûntwikkeljen fan in oare wize fan tinken en dit wer troch te jaan."

Frysk én Ingelsk

Opfallend is dat Laverman folle sêfter sjongt as oars. "Je soene miskien tinke dast lûd sjonge moast om dy goed útsprekke te kinnen. Mar hoe mear ik dat die, hoe minder sterk it waard." Se tinkt dat dizze wize fan sjongen miskien just wol in antwurd is op wat ús te wachtsjen stiet. "Der komme grutte problemen op ús ôf en yn it debat roppe en raze minsken oer inoar hinne. It sêft sjongen is in tsjinreaksje. It is nochal wat, wat der op ús ôfkomt, miskien moatte we it antwurd yn stilte sykje om der sa goed oer neitinke te kinnen."

De syktocht nei it sterk útsprekken bringt Laverman by de Ingelske taal. "Ik song altyd hielendal yn it Frysk, mar op myn nije album is it heal om heal." It earste Ingelsktalige nûmer is in pear moannen lyn al nei bûten ta brocht: Your Ancestor. Hjiryn sprekt se har berns- berns- berns-bern ta en biedt se har ekskuzen oan foar wat wy as minsken allegearre feroarsake hawwe.

Slow release

Op freed komt in nij nûmer fan it album nei bûten dat ek Ingelsk is: Tree tree. It is in albumrelease yn coronastyl. Eltse moanne komt der in nij nûmer nei bûten yn kombinaasje mei in podcast wêryn't Laverman ferskate minsken ynterviewt dy't har ynspirearre hawwe. De earste is mei ekolooch en filosoof Matthijs Schouten. De slow release wurket ta nei oktober 2021. Dan giet har multydissiplinêre foarstelling Plant yn premjêre. Dat soe earst dit jier wêze, mar is fanwegen it coronafirus in jier ferpleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)