Nije sinneregels provinsje sitte ambysjes Fryske gemeenten yn 'e wei

19 nov 2020 - 06:54

Enerzjykoöperaasjes en Fryske gemeenten kinne net goed út de fuotten mei nije strangere regels foar de oanlis fan sinneparken fan de provinsje Fryslân. Der wiene leafst seis ynsprekkers op de kommisjegearkomste oer de regels foar sinne-enerzjy. Sy begripe de yntinsje om sa min mooglik panielen op lânbougrûn te pleatsen. Mar mei allinnich sinnepanielen op dakken fan huzen en bedriuwen kin net genôch duorsume enerzjy opwekt wurde, sei wethâlder Anko Postma fan Opsterlân.

Foto: Shutterstock.com (Pfalzdrone)

"Op daken hebben wij onvoldoende oppervlak om genoeg energie op te wekken om in 2035 energieneutraal te worden. Wij hebben letterlijk ruimte nodig om tot resultaten te komen", seit Postma. It betsjut net dat hiel Opsterlân fol panielen komt te lizzen. Postma tinkt op termyn oan 1 oant 3 persint fan it grûnoerflak.

Postma fynt dat de provinsje de gemeenten de romte en it betrouwen jaan moat om sels yn oerlis mei de ynwenners en netwurkbehearder Liander plannen foar duorsume enerzjy te ûntwikkeljen.

Fersnipeling is djoer

Wethâlder Frans Veltman fan De Fryske Marren is tsjin de beheining fan de grutte fan in sinnepark by in doarp. "Sjoch nei de ynpasberens en nei de oanslutingsmooglikheden op it net." Fersnippering troch by elts doarp in sinnefjild oan te lizzen smyt neffens Veltman in soad ekstra kosten op.

Veltman pleitet derfoar om effisjint om te gean mei lânskip en de beskikbere finansjele middels. "By guon fan ús doarpen is gjin romte foar in sinnefjild. By oare doarpen is krekt plak foar in wat grutter fjild. Dan moat dat mooglik wêze."

Veltman sloech woansdei de riedsgearkomste fan De Fryske Marren oer om persoanlik yn te sprekken op it Provinsjehûs. "Sa wichtich is dit wol foar ús. It giet om kânsen foar ús ynwenners om duorsume enerzjy op te wekken."

'Lijnrecht tegenover elkaar'

"Het lijkt dat de verschillende overheden lijnrecht tegenover elkaar staan", seit wethâlder Postma fan Opsterlân oer de opstelling fan de provinsje. "Dat kan ik aan geen enkele inwoner uitleggen."

Steatelid Romke de Jong (D66) kin de redenaasje fan Postma goed folgje. "Jimme hawwe Ljouwert net nedich om te bepalen wêr yn Opsterlân wol of gjin draachflak is foar in nij inisjatyf."

Foto: Omrop Fryslân

Goede balâns

Neffens deputearre Sietske Poepjes biedt de nije systematyk fan 'sinnetafels' foar oerlis oer sinne-enerzjy genôch romte foar 'maatwurk' om enerzjy-koöperaasjes en gemeenten yn 'e mjitte te kommen. "It giet om in goede balâns tusken enerzjy en lânskip. We kinne net hiel Fryslân fol lizze mei sinneparken."

Poepjes is wol ree om romte te meitsjen foar projekten dêr't al jierren oan wurke is en dêr't foldwaande draachflak foar is. As der wichtige projekten stomp driigje te rinnen op de nije provinsjale regels, dan kinne de gemeenten dat by de provinsje oanjaan. "Der is romte foar nije inisjativen, as se lânskiplik ynpasber binne."

Provinsjale steaten sille nije wike woansdei plenêr te set oer de nije regels foar de oanlis fan sinneparken.

Wethâlder Frans Veltman, gemeente De Fryske Marren

(Advertinsje)
(Advertinsje)