PvdA en PAL GrienLinks Ljouwert: 'Húshâldlike help allinnich foar leechste ynkommens'

Gemeentlike stipe foar húshâldlike help is allinnich bedoeld foar kwetsbere minsken dy't it sels hast net betelje kinne. Dat fine de riedsfraksjes fan de PvdA en PAL GrienLinks yn de gemeente Ljouwert. De partijen konstatearje dat in soad minsken mei hegere ynkommens op dit stuit in berop dogge op de gemeente om de húshâldlike help te beteljen.
Himmeljen © Shutterstock.com
Dat kinne se dwaan omdat der sûnt ferline jier net mear sjoen wurdt nei je salaris as je gemeentlike stipe oanfreegje foar húshâldlike help. En dêr giet it mis, seit riedslid Femke Molenaar fan PAL GrienLinks: "De beperkte beschikbare middelen voor huishoudelijke ondersteuning moeten door gemeenten ingezet kunnen worden voor de meest kwetsbare groepen, niet zoals nu gebeurt als extraatje voor mensen die het niet nodig hebben."

Proefproses

Neffens Molenaar soe Ljouwert it foarbyld fan de gemeente Krimpen aan den IJssel folgje moatte. "Daar is besloten deze overheidsregel niet langer uit te voeren." Ynwenners krije dêr allinnich finansjele stipe foar húshâldlike help as út harren ynkommen bliken docht dat se dy sels net betelje kinne. Op dy wize hopet Krimpen aan den IJssel in proefproses út te lokjen.
"Wij overwegen om ook in Leeuwarden de knuppel in het hoenderhok te gooien", skriuwe PvdA en PAL GrienLinks yn in soarte fan manifest. Se hoopje dat se stipe krije fan oare partijen.
Riedslid Femke Molenaar fan PAL GrienLinks