Minimaal healjier fertraging foar bou nij Cambuurstadion: “Een bittere pil”

18 nov 2020 - 21:08

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt fan SC Cambuur neamt it "een bittere pil" dat de bou fan it nije stadion foar de fuotbalklup fan de baan is. It stadion hie yn augustus 2022 yn it WTC-gebiet yn Ljouwert stean moatten, mar woansdeitejûn waard dúdlik dat ûntwikkelder Wyckerveste him weromlûkt. Neffens Van den Belt betsjut dit minimaal in healjier fertraging foar de plannen.

Gerald van den Belt - Foto: OrangePictures

Wyckerveste sei de business case net rûn krije te kinnen, wat ynhâldt dat se der te min jild úthelje kinne. "We hadden gehoopt de fase van tegenslagen wel voorbij te zijn", fertelt Van den Belt. It projekt hat earder in hiel soad tsjinslaggen hân.

Dit is in nij haadstik yn de stadionsoap fan de Ljouwerters. Neffens Van den Belt is it net sa dat it stadion der hielendal net komt: "We moeten rekening houden met uitstel. Afstel? Nee, dat denk ik niet. Ik heb er vertrouwen in dat het uitstel is."

Minimaal in healjier fierder

Woansdei hawwe de ferskate partijen mei-inoar om tafel sitten om te sjen nei oplossings. Wis is dat it tiid nimme sil. "Ik proefde veel energie om de schouders eronder te zetten, maar je bent wel minimaal een halfjaar verder", sa seit Van den Belt.

It betsjut dat Cambuur by de start fan it seizoen 2022/2023, wannear't it yn it nije stadion spylje woe, noch gewoan oan it Cambuurplein spilet.

Op syk nei oplossings

De kommende tiid sille de belutsen partijen sjen nei oplossings om derfoar te soargjen dat it projekt dochs wer rendabel wurdt foar in projektûntwikkelder om deryn te stappen.

Mooglik dat de gemeenteried dan ek wer belutsen wurdt by de plannen. De ried fan Ljouwert hat tastimming jûn foar dizze business case, mar sil by wizigings dêrfan wer oan set wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)