Gjin nij keunstgersfjild by Tolhúspark yn Dokkum: 'Fuortbestean hockeyklup yn gefaar'

18 nov 2020 - 20:37

De gemeente Noardeast-Fryslân hat in nij keunstgersfjild by it Tolhúspark net opnaam yn de begrutting. It fjild komt der foarearst dus net. En dat is in grutte teloarstelling foar de hockeyklup, de kuorbalferiening en it Dockinga College. "Ons project is niet genoemd in de begroting 2021, terwijl we een volledig uitgewerkt plan op tijd klaar hadden", seit Niek Katsma, foarsitter fan Hockeyklup Dokkum.

In oar keunstgersfjild - Foto: SMHC Hockey Sneek

"Ons project staat geen enkel plan of andere ambitie van de gemeente in de weg en tóch wordt er geen besluit over genomen. De gemeente heeft planvorming van onderop door en met de mienskip hoog in het vaandel, alleen zien wij daar niets van terug", seit Katsma.

Jan Iedema, foarsitter fan de kuorbalferiening neamt it in miste kâns. "Dit was hét moment om als gemeente te laten zien dat de gemeente een breed gedragen plan uit de mienskip een warm hart toedraagt en dit soort initiatieven van onderop serieus neemt", seit Iedema.

Urginsje

Neffens Katsma is it fuortbestean fan de hockeyferiening troch dit beslút fan de gemeente sels yn gefaar as der nei de simmer fan 2021 gjin nij keunstgersfjild leit. "Het plan zit écht goed in elkaar en we blijven ons daarom inzetten voor realisatie hiervan in 2021. We hopen dat de gemeente de urgentie en noodzaak snel inziet zodat de sport hockey kan worden blijven beoefend in Noardeast-Fryslân en ook de korfbalvereniging een stap vooruit kan zetten", sa seit Katsma.

Foarsitter Niek Katsma fan Hockeyklup Dokkum

(Advertinsje)
(Advertinsje)