Bou nije Cambuurstadion giet net troch; ûntwikkelder lûkt him werom

18 nov 2020 - 19:54

De bou fan it nije Cambuurstadion yn it WTC-gebiet is foarearst fan de baan. Untwikkelder Wyckerveste hat him weromlutsen út it projekt, om't se de business case foar de bou fan it nije stadion net rûn krije kinne. De gemeente Ljouwert hopet noch wol op in trochstart.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

De belutsen partijen, SC Cambuur, Bouwgroep Dijkstra Draisma, WTC, Van Wijnen, ROC Friese Poort en de gemeente Ljouwert ûndersykje de kommende perioade wat dit nijs betsjut foar de takomst fan de gebietsûntwikkeling by it WTC en op hokker wize in trochstart eventueel mooglik is.

De wurksumheden dy't al dwaande wiene, lykas de ynrjochting fan de iepenbiere romte en de oanlis fan it parkearterrein op De Zwette, rûnet de gemeente ôf sa't it pland wie. Bouwgroep Dijkstra Draisma realisearret de supermerken Jumbo en Aldi konfoarm de ôfspraken. Dy sille yn it foarjier fan 2021 de doarren iepenje.

Komplekse situaasje

De belutsen partijen jouwe oan der alles om dwaan te wollen om it nije Cambuurstadion dochs mooglik te meitsjen. "Of dat lukt is afhankelijk van vele factoren; het is een complexe situatie", skriuwe sy.

Hein de Haan goeie

Wethâlder Hein de Haan neamt it "een hele zware teleurstelling" dat de bou foarearst net trochgiet. Dat de business case net rûn is, is neffens him "gewoon balen". As in totale ferrassing kaam it nijs lykwols net. "We zagen dat het moeilijk was om alle werkzaamheden die nog moesten gebeuren en alle afspraken die moesten worden gemaakt op tijd rond te krijgen."

Feit is dat it nije Cambuurstadion der net foar de plande datum, it neijier fan 2022, stiet. "Maar we houden met elkaar de ambitie om het stadion en de gebiedsontwikkeling voor elkaar te krijgen. Daar gaat straks onze aandacht en energie in zitten."

Der hawwe faker tsjinslaggen west en De Haan leaut dêrom dat se dizze ek wer te boppe komme sille. "Daar moeten we aan werken en daar hebben we tijd voor nodig nu", beslút De Haan.

Bou nije Cambuurstadion

Ek wethâlder Friso Douwstra sprekt fan in teloarstelling: "We hiene al behoarlik wat wurk dien en in soad belutsen partijen stiene al klear om ek wer folgjende stappen te setten. Dan komt dit je rau op it dak."

It is neffens Douwstra te betiid om te sizzen wat de finansjele skea is fan de fertraging: "Alle partijen wolle de skouders derûnder sette en soargje dat de ûntwikkeling no wol loskomt. Se wolle konstruktyf om tafel en sjen wat de takomst is. Dêr hâld ik my no oan fêst, mar foarearst is it bale."

Der is jild beskikber om de krûkels rjocht te lûken, seit Douwstra: "Der is fansels jild reservearre foar dizze ûntwikkeling, dat is net samar fuort. Mar dêr moatte we wol oer yn petear mei de ried."

Omrop Fryslân makke yn 2018 it ûndersteande artikel oer de 'stadionsoap' fan Cambuur:

(Advertinsje)
(Advertinsje)