Feanfroulju besykje mei telefoanaksje grut tal lytsere sponsors te krijen

18 nov 2020 - 18:20

In lôzje yn it Abe Lenstrastadion is woansdei foar efkes in belsintrum wurden. De froulju fan SC Hearrenfean besykje dêr oer de telefoan safolle mooglik jild binnen te heljen. It doel is twahûndert freonen dy't elk 347 euro betelje, in totaalbedrach fan sawat 70.000 euro. Foarsitter Jessica Roosenburg fan de froulju fan SC Hearrenfean: "Het valt niet mee, maar als het lukt, gaat de vlag uit."

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust praat mei foarsitter Jessica Roosenburg fan de SC Hearrenfean-froulju

De froulju sitte sels oan de telefoan om saaklike freonen mei jild te finen. Fanwege de coronakrisis kinne de Feanfroulju wol wat jild brûke. Se wiene sa goed op wei. Sa soene se de 68 stuollen yn de lôzje foar jild ferhiere, mar fanwege de corona mei der gjin publyk by de wedstriden wêze.

De manlju fan SC Hearrenfean hawwe wol ynkomsten, bygelyks út transfers en opliedingsfergoedingen. De froulju hawwe dat net. Sy helje de opbringsten hielendal út frijwilligers en bedriuwen dy't tsjinsten en jild leverje wolle, fertelt Roosenburg. Sy is sels ek ûndernimmer en wit hoe dreech oft it is foar guon bedriuwen.

"Het valt niet mee. Veel bedrijven hebben het zelf ook zwaar. Grote sponsoren zoeken is lastig, Wij dachten: als we nu veel kleine zoeken, brengt ons dat misschien verder. Vandaag zijn we begonnen met bellen in Heerenveen en omgeving. We zitten in Noord-Nederland, dus er zijn nog veel meer kansen. "

Tiisdei kaam ek al yn it nijs dat by de klup SC Hearrenfean tsien banen ferdwine.

Spylster Kirsten van de Westeringh

(Advertinsje)
(Advertinsje)