Tsjalk De Goede Verwachting kin nei twa jier hast te wetter

18 nov 2020 - 18:17

In nije roef, wanden fan âlde flierren en in fris likje farve; De Goede Verwachting is hielendal stript en hast wer klear om te farren. Eigener Romke Blaauw kocht de âlde tsjalk twa jier ferlyn mei de bedoeling om deryn te wenjen, mar ek om dermei te silen en dat wie der de lêste tritich jier net mei dien. In flinke put dus.

Romke Blaauw mei tsjalk De Goede Verwachting (V1)

Romke hat der mei syn famylje en freonen in bulte wurk oan hân en is dan ek grutsk op it resultaat. "It is in prachtich moai skip wurden. It like my moai om op in skip te wenjen, dy kâns ha ik pakt", sa seit er.

It skip lei al sa'n 30 jier yn Starum. De eigeners wiene op leeftiid en woene der wol út. In unike kâns foar Romke, om't der net in soad skippen binne dy't in fêst lisplak ha.

It is in prachtich moai skip wurden.

Romke Blaauw

Ferslachjouwer Johanna Brinkman krijt in rûnlieding op it skip

It skip wie as in wenskip ynrjochte en moast dus hielendal oer de kop. Sa'n grut projekt kin in soad jild kostje, mar Romke hat dêr wat op fûn: "Fan twaddehânsk guod kinne je ek moaie dingen meitsje. Dus ik ha op ynternet flierren kocht, dêr't ik de wanden mei bespikere ha", fertelt er.

De heit fan Romke wie gelyk hielendal gek fan it projekt. "It is super, it moaiste wat der is. Ik ha it sels ek wol wollen, ik siet sa'n 20 jier yn de charterfeart en ha sels ek wol in tsjalk hân. Dan is it moai dat je soan it ek docht", seit Piet Blaauw.

Jaloers

Romke syn sus Hylkje is "stikjaloers" op har broer: "Ik wol it ek wol, mar hy krige de kâns. Dus dan helpe je ek mei. Ik ha holpen mei in soad fervewurk en mei it lakken en skuorjen. Ik bin opgroeid op it charterskip fan ús heit en mem, dus it farren sit der wol yn".

De tsjalk sil nije wike sneon yn Starum te wetter litten wurde.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Romke en Piet Blaauw

(Advertinsje)
(Advertinsje)