GGD makket him soargen oer relatyf heech tal coronabesmettings

18 nov 2020 - 17:46

GGD-dokter Everhard Hofstra makket him soargen oer it wer oprinnende oantal coronabesmettings yn Fryslân. It RIVM melde woansdei 116 nije besmettings. Dêrneist wiene der yn it ôfrûne etmiel acht stjergefallen, it heechste tal yn de twadde weach. "Deze aantallen willen we nu niet zien", seit Hofstra.

De yngong fan de coronafirus-testlokaasje yn Drylts - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Tiisdei waarden der noch 102 coronabesmettings meld yn Fryslân, fjirtjin minder as woansdei. It oantal besmettings bliuwt hjir relatyf heech en se binne ferspraat oer de hiele provinsje. "We zagen natuurlijk een hele snelle daling, maar we zien nu dat dat wat achterblijft en zelfs wat omhoog gaat", seit Hofstra.

It is neffens him wichtich om net fan dei ta dei nei de sifers te sjen, mar nei de lange termyn. "Maar toch is dit zorgelijk. Aangezien we nu een tijdelijke gedeeltelijke lockdown hebben, willen we dit nu niet zien."

Stjergefallen

Ek it hege oantal stjergefallen yn de ôfrûne 24 oeren is opmerklik. 4 yn Ljouwert, 3 yn Weststellingwerf en 1 yn Súdwest-Fryslân. Neffens Hofstra is it lestich om dêr in goede ferklearring foar te finen. "Het is inderdaad opvallend dat het er zo veel zijn, maar dat komt ook deels door de registratie. Ze kunnen ook van een paar dagen daarvoor zijn."

De stjergefallen stean neffens Hofstra net fuort mei elkoar yn ferbân. "Dat durf ik zo niet te zeggen. We zien nu wel meer gevallen in de verpleeg- en verzorgingshuizen, maar ik kan zo niet zeggen of dit met een specifieke uitbraak te maken heeft."

Everhard Hofstra - Foto: Omrop Fryslân

Hofstra merkt dat minsken oars mei de twadde lockdown omgean as mei de earste yn it foarjier. "Ik zou iedereen daarom op het hart willen drukken om nog altijd afstand te houden en drukte te vermijden. Daarmee lever je relatief eenvoudig echt een goede bijdrage."

De coronamaatregels dy't de ôfrûne wiken fan krêft wiene, hawwe neffens Hofstra wol effekt hân: "Maar dat gaan we pas echt over een aantal dagen zien." Dat de maatregels no ferromme wurde, fynt hy dan ek net in ferkearde stap. "Als de cijfers zouden blijven stijgen, is het een ander verhaal. Het is heel belangrijk dat iedereen nu een extra zetje geeft zodat we minder lang last hebben van die lockdown."

Everhard Hofstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)