Rotstergaasterwallen groeit en bloeit troch rekôrwaarmte

18 nov 2020 - 17:00

Noch nea wie it yn De Bilt, dêr't se de offisjele mjittings dogge, sa waarm op 18 novimber as dizze woansdei. It wie alwer de 233e dei efter inoar dat de termometer yn ús lân 10 graden of mear oanjoech. Ien fan de gefolgen is dat bepaalde planten en poddestuollen ek noch altyd te sjen binne, wylst se gewoanwei al moannen ûnder de grûn sitte.

ONLINE Moai waar yn Rotstergaasterwallen

Ien fan de opfallende ferskinings yn natoergebiet Rotstergaasterwallen, binne de poddestuollen, sa fertelt boskwachter Henk-Jan van der Veen. "Het is uniek dat die wasplaten hier nu massaal groeien. Je ziet met klimaatverandering dat die periode langzaamaan naar achteren opschuift. Zolang het nog vorstvrij blijft, blijven die paddenstoelen gewoon komen."

Soldateknoop is ek noch in soad te finen yn de fjilden. "Een zomerbloeier, die staat hier in juli volop te bloeien. Maar dit is ook weer zo'n voorbeeld van een verlengde bloei van een plant die het normaal van de zomer moet hebben."

Klimaatferoaring

Klimaatferoaring is net perfoarst min foar natoergebieten, sa seit Van der Veen. "We hebben te maken met natuur, klimaat is ook een onderdeel van de natuur. Daar hebben we op zich geen nadeel van, het hoort een beetje bij ons werk om ook bij deze omstandigheden door het veld te lopen en te kijken wat er nog groeit en bloeit."

Hoelang noch?

Neffens Van der Veen binne poddestuollen en planten as it soldateknoop miskien noch wol langer te finen is yn de Rotstergaasterwallen. "Hoe meer die temperatuur boven de tien graden blijft, hoe groter de kans is dat je paddenstoelen en dan met name de wasplaten hier kan zien bloeien."

Dat de temperatuer no heech is, komt neffens waarman Piet Paulusma troch de súdlike streaming dy't waarm waar meibringt. Hy ferwachtet dat de temperatuer pas oan it ein fan de moanne flink nei ûnder gean sil.

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn de Rotstergaasterwallen

(Advertinsje)
(Advertinsje)