Dyk yn Muntsjesyl wike nei grutte brân wer iepen foar ferkear

18 nov 2020 - 16:27

De Olde Borchweg by Muntsjesyl is wer iepen foar it ferkear nei de grutte brân fan ferline wike moandei yn in ierappelloads. Dat meldt de gemeente Noardeast-Fryslân.

Ien fan de skuorren fan it bedriuw - Foto: De Vries Media

Yn de loads stiene kisten mei ierappels en dy kisten hawwe noch in skoft neirikke. De brânwacht koe it fjoer net útkrije mei help fan wetter of skom, omdat de kearn fan de brân net te berikken wie. Dêrom moasten de kisten útelkoar lutsen wurde. In spesjalistysk bedriuw hat dêr dagen mei dwaande west. Dêrtroch kaam in protte reek frij. Dy reek luts oer de dyk en dat soarge foar min sicht. Dêrom waard de dyk ôfsletten.

Trefwurden: 
brân Muntsjesyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)