Ljouwerter 'Dans op Recept' nominearre foar lanlike ynklúzje-award

It Ljouwerter projekt Dans op Recept is nominearre foar de Code Culturele Diversiteit & Inclusie Award. Dy priis wurdt útrikt oan kulturele organisaasjes dy't op it mêd fan 'diversiteit' en ynklúzje in bysûndere stap sette of in opfallend resultaat boeke.
© Christian Kamminga
Dans op Recept is opsetten troch dûnsdosint Marlien Seinstra. By it konsept wurdt dûns ynsetten om it fysike en mentale wolwêzen fan minsken mei in groanyske oandwaning te ferbetterjen.
Dêrfoar wurdt yn hiel Fryslân dûnsles jûn oan minsken mei Parkinson, net-oanberne harsenletsel en groanyske pine. Doel is om minsken te ferbinen, te soargjen foar ûntspanning en om te sjen nei wat minsken wól kinne.

Gedrachskoade

De Code Diversiteit & Inclusie is in gedrachskoade fan, foar en troch de Nederlânske kulturele en kreative sektor oer 'diversiteit' en ynklúzje en wurdt stipe troch it Ryk.
It doel fan de koade is dat de kulturele en kreative sektor it ferskaat fan de Nederlânske befolking represintearret. Basiseask is dat de sektor lykweardich tagonklik is foar eltsenien en sa fan eltsenien is.
De priis wurdt op 27 novimber útrikt. De winner krijt in jildbedrach fan 20.000 euro.