Tilster krijt wurkstraf en rydûntsizzing om riden ûnder ynfloed

18 nov 2020 - 15:38

In 46-jierrige ynwenner Koatstertille dy't op 2 novimber foarich jier yn beskonken tastân mei syn auto op in parkearre auto knalde, is woansdei feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren ye in rydûntsizzing fan tolve moannen.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Tilster draait ek op foar de skea oan de parkearre auto. De plysjerjochter bepaalde dat it folsleine bedrach - goed 3.400 euro - betelle wurde moat.

De man wie nei in besite oan de kroech yn 'e auto stapt. In tsjûge seach him fuortriden en hearde efkes letter in hurde knal. De man wie trochriden.

Hy sei dat hy him neat mear heuge koe. Hy hie mear as fiif kear tefolle dronken. Hy sei dat hy thús noch mar in pear buorreltsjes hân hie, mar dat leaude de rjochter net.

De Tilster hat syn rydbewiis al seis moannen kwyt west. It beslút fan de rjochter betsjut dat hy it rôze paske nochris seis moannen ynleverje moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)