Musea roppe Friezen op om te kommen no't se wer iepen meie

18 nov 2020 - 15:35

Hieltyd mear Fryske musea slute harren oan by de oprop fan it Fries Museum en de Museumfederaasje oan alle Friezen om dit jier noch del te gean by in museum yn de buert. De oprop wurdt op dit stuit ûnderskreaun troch mear as fjirtich Fryske musea en dêr komme noch hieltyd mear by.

Foto: Museum Dr8888

Yn Fryslân binne mei-elkoar goed santich musea. Yn ferbân mei de coronamaatregels fan it kabinet moasten sy de lêste fjirtjin dagen ferplicht de doarren slute. Fan tongersdei ôf meie se wer iepen, mar troch de coronabeheinings binne de besikersoantallen dit jier folle leger as oars. De musea neame dat sels 'in drama' en rjochtsje har op besikers út de neiste omjouwing om it ferlerne jier noch wat goed te meitsjen.

Winterdeis ticht

By de groep dy't de oprop net of noch net ûnderskreaun hat, sitte ek musea dy't yn it winterseizoen altyd ticht binne, seit Mirjam Pragt fan de Museumfederaasje Fryslân. Sy ûnderskriuwe net, omdat it dan lykje soe dat se wol iepen binne.

Coronaproof

Neffens Pragt hoege de musea gjin oanpassingen te dwaan as se wer iepen gean. Se binne al coronaproof makke. Der binne altyd soargen oer de feiligens, benammen by kwetsbere misken, mar de musea wolle nei bûten ta it sinjaal ôfjaan dat se feilich binne.

Langer iepen

Ien fan de musea dy't wol ûnderskreaun hawwe, is it Kazemattemuseum op de Ofslútdyk. Sy hawwe dit jier fierste min besikers hân om út te kinnen. It museum is foarearst rêden troch in finansjele bydrage fan it Vredesfonds. Om noch wat ynkomsten te krijen bliuwe se dit jier wat langer iepen en takom jier ek, as it om de frijwilligers kin dy't it museum draaiende hâlde.

Mirjam Pragt

(Advertinsje)
(Advertinsje)