Gemeenten stypje Empatec mei 5 miljoen euro ekstra

De seis gemeenten dy't oandielhâlder binne yn wurkfoarsjenningsskip Empatec yn Snits wolle it bedriuw ekstra stypje mei fiif miljoen euro. It jild is nedich om it hûshâldboekje fan it sosjaal wurkbedriuw wer op oarder te krijen.
© Empatec
De kolleezjes fan Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren, Waadhoeke, Harns, Skylge en Flylân freegje de eigen gemeenterieden om yn te stimmen mei it foar ien kear stypjen fan Empatec mei fiif miljoen euro. It tekoart is opboud yn de jierren sûnt 2015. Yn dat jier waard de Participatiewet fan krêft en stelde it Ryk jierliks foars minder jild foar de sosjale wurkfoarsjenning beskikber oan de gemeenten.

Mienskiplike regeling

De finansjele ynjeksje giet net streekrjocht nei Empatec, mar sil - nei akkoart fan de gemeenterieden - oermakke wurde nei de Gemeenschappelijke Regeling (GR) Fryslân-West. De seis gemeenten binne dêryn feriene en hawwe nauwe finansjele bannen mei Empatec.
Ut ekstern ûndersyk die earder dit jier al bliken dat Empatec in tekoart fan goed fjouwer miljoen euro hat en dat de gemeenten finansjeel byspringe moasten. Doe waard in bydrage fan 4,3 miljoen euro neamd. Sûnt dy tiid is Empatec, dat sa'n 1.100 meiwurkers hat, troffen troch de coronapandemy.

Sûn 2021 yn

Om it sosjaal wurkbedriuw finansjeel sûn oan 2021 begjinne te litten, kamen de seis gemeenten út op it no foarstelde bedrach fan fiif miljoen euro. De bydrage ferskilt de gemeente en is basearre op it tal minsken dat yn it ramt fan de sosjale wurkfoarsjenning (SW) by Empatec oan it wurk is.
Súdwest-Fryslân hat fan de seis it heechste oantal SW'ers en nimt 2.860.000 euro foar har rekken, folge troch Waadhoeke (1.101.000 euro), De Fryske Marren (617.000 euro), Harns (391.000 euro) en Skylge (31.000 euro). Flylân, dat gjin SW'ers hat, is frijsteld.