Pieter Weening krijt gjin nij kontrakt by hurdfytsploech Trek Segafredo

18 nov 2020 - 14:10

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema hat gjin nij kontrakt krigen fan Trek Segafredo. De Amerikaanske ploech makke woansdei de seleksje foar takom jier bekend. Dêryn is wol plak foar Bauke Mollema, mar net foar de 39-jierrige Pieter Weening. Weening ried dit jier foar Trek Segafredo yn de Ronde fan Italië, mar moast nei de fjirde etappe ôfstappe. Hy rekke ferwûne doe't hy oer in bidon ried dy't op de dyk fallen wie.

Foto: Omrop Fryslân

Woansdei makke Trek Segafredo de seleksje foar 2021 bekend. Weening kaam yn juny by dizze ploech en hy ried ûnder oare de Giro, Critérium du Dauphiné en Tirreno-Adriatico. Dit jier is it 17e jier dat Weening as profesjoneel hurdfytser dwaande is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)