Opknapte Henk de Jong kiest foar selde opstelling yn nije topper

SC Cambuur spilet tongersdei mei deselde basisopstelling tsjin De Graafschap as ôfrûne snein tsjin Almere City. It iennige fraachteken wie ferdigener Erik Schouten, dy't snein blessearre útfoel tsjin Almere City, mar de ferdigener is der yn Doetinchem gewoan by. Mooglik slút ek Issa Kallon wer oan by de wedstriidseleksje.
Henk de Jong
Henk de Jong is wer opknapt fan de ferkâldenens dêr't er snein lêst fan hie. Dêrtroch die assistint-trainer Pascal Bosschaart de neibeskôging fan de wedstriid tsjin Almere City. De Jong: "It wie út foarsoarch. Ik hie hiel bot lêst fan 'e kiel en wie ferkâlden. Ik wist dat it gjin corona wie, mar myn jonges moatte it net hawwe. Dus dan moat in oar it efkes dwaan."

"Grut komplimint"

It duel mei koprinner De Graafschap is in nije topper. It is ek in wedstriid tusken de klups dy't it ôfrûne seizoen op plak ien en twa stiene, doe't it seizoen fanwege it coronafirus ôfbrutsen waard. No steane sy op plak ien en plak trije. "Beide klups hawwe in dikke klap hân. Ast sjochst hoe't we it no dogge, dat is in grut komplimint foar beide klups."
De krêft fan de Doetinchemmers sit him neffens de Cambuur-trainer benammen yn it fysike. "It is in rûtinearre ploech, dy't fysyk sterk is. Mei standertsituaasjes binne se ek goed. It wurdt in lykwurdige wedstriid, wêryn't de bêste winne sil."
Ragnar Oratmangoen
Ragnar Oratmangoen sil tongersdei ek wer by de seleksje fan Cambuur sitte. Foar him hawwe it drege moannen west. Hy rekke heal septimber blessearre yn de wedstriid tsjin TOP Oss en makke ôfrûne snein syn rentree by de Ljouwerters. "Het is lekker om weer minuten te maken en op het veld te staan. Ik ben blij dat ik weer kan spelen."

Blessuere

De blessuere dy't Oratmangoen tsjin TOP Oss oprûn, ûntstie nei in nuver duel. De keeper fan TOP sloech tsjin syn ankel oan, wêrnei't syn ankel tsjin de peal oankaam. Dêrtroch ferknoffele syn ankel. Dat barde yn in sawiesa al drege tiid foar de Cambuur-oanfaller. Syn frou lei op dat momint yn it sikehûs. "In de eerste weken van de blessure is het heel belangrijk om rust te houden met de enkel, maar toen ben ik elke dag heen en weer geweest naar het ziekenhuis en heb ik daar de nodige meters gemaakt."
Aldergeloks kaam it allegearre goed. Mei de frou fan Oratmangoen en mei himsels ek. Hy stiet wer op it fjild en kin tsjin De Graafschap mooglik wer minuten meitsje as ynfaller: "Uiteindelijk ben ik blij dat het met haar en met mij weer goed gaat!"
Ragnar Oratmangoen makke snein syn rentree © Orange Pictures
De wedstriid tusken SC Cambuur en De Graafschap set tongersdeitejûn útein om 21.00 oere. Ferslachjouwer Andor Faber fersoarget fan De Vijverberg yn Doetinchem ôf it kommentaar yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om 21.00 oere.