Harkemase Boys mei net fierder yn beker: "Dit is in grutte sportive teloarstelling"

18 nov 2020 - 13:03

It is foar Harkemase Bos in grutte sportive teloarstelling: amateurklups meie net fierder yn de bekerkompetysje. De Harkiten hiene foar de folgjende ronde lotte tsjin Kozakken Boys út Werkendam, mar wurde no lyk as alle oare amateurklups út it toernoai helle.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Eric Gudde, direkteur betelle fuotbal fan de KNVB baalt derfan dat de amateurklups dit seizoen net mear meidwaan kinne oan de KNVB-beker. "Het is juist de charme van het bekertoernooi dat amateurclubs zich ten koste van profclubs als cupfighters kunnen ontpoppen."

Ek Harkemase Boys-foarsitter Sippe Heeringa fynt it spitich: "We hiene it al in bytsje ferwachte, mar it bliuwt in grutte sportive teloarstelling."

Finansjele fergoeding

It startjild foar de wedstriid tsjin Kozakken Boys sil wol troch de KNVB fergoede wurde. It jild foar de folgjende ronden wurdt ûnder de 26 amateurklups dy't noch yn it bekertoernoai sieten ferdield.

"It foardiel is, de KNVB hat wol nei ús lobbys lústere wêrtroch't der wol in fergoeding tsjinoer stiet", fertelt Heeringa. "De wedstriidjilden dy't útdield wurde, binne ferdield oer de 26 ploegen. It startjild foar dizze ronde is tsientûzen, foar de folgjende is it tweintichtûzen. Dat wurdt no middele."

Heale kompetysje

Heeringa hat wol begryp foar it beslút fan de KNVB mar hy hie leaver dat it bûn keazen hie foar in heale kompetysje foar de amateurs, sadwaande soe der mear romte wêze foar de beker. "Ik ha ek wol oppenearre om it dochs noch leuk te meitsjen. Meidwaan yn de top en it bekerfuotbal makket it spannend."

Hoewol't it bekerfuotbal dus net trochgiet, hopet Heeringa noch altyd op de heale kompetysje. "In komplete kompetysje útfuotbalje is te folle belêsting. It soe moai wêze asto in heale kompetysje makkest en op it ein fan it seizoen wol promoasje en degradaasje spylje, dan spylje de nûmers twa en trije ek noch om wat."

Wannear kin it amateurfuotbal wer los?

Wannear't de gewoane kompetysje wer begjinne kin, is noch hieltyd net dúdlik. "It soe hiel moai wêze dat we healwei jannewaris begjinne kinne en yn maaie sizze: 'hee, alle wedstriden binne klear'. Dêr leau ik ek noch net yn, mar je witte it net."

Heeringa ferwachtet dat it lestich wurdt om de hiele kompetysje noch út te spyljen. "Harkemase Boys moat noch 31 wedstriden spylje, hoe moatte je dat yn fredesnamme ha yn 22 saterdeis?"

Foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys

(Advertinsje)
(Advertinsje)