Hurdegarypsters net bliid mei sluting biblioteek: "Hiel spitich foar de bern"

18 nov 2020 - 13:01

Wylst musea, biblioteken en teäters wer iepen meie, slút de biblioteek fan Hurdegaryp mei yngong fan 1 jannewaris definityf de doarren. De gemeente Tytsjerksteradiel moat besunigje op it biblioteekwurk en dêrom giet dy fan Hurdegaryp ticht.

Biblioteek Hurdegaryp ticht

"De bibioteek hat in oare funksje krige", seit Wilma Quarré fan it biblioteekwurk. "Fan in boekebiblioteek is it in maatskiplike bibioteek wurden. Besikers binne wolkom op bygelyks in kursus of in sprekoere. Dat is minstens sa wichtich as de útlien."

Taken lykas it stimulearjen fan lêzen en omgean mei media wurde ferpleatst nei de skoallen. Dêr sil de biblioteek noch wol in rol spylje.

Digitale boeken

De tanimmende populariteit fan e-boeken is ek in reden foar sluting. Minsken lêze tsjintwurdich in soad e-boeken. "It is te djoer om in gebou mei boeken yn stân te hâlden." En wêrom moat dan krekt Hurdegaryp ticht? "Dat is bepaald troch regionale sprieding. Op 6 km ôfstân binne twa oare biblioteken te finen, yn Burgum en yn Gytsjerk."

De ynwenners fan Hurdegaryp binne net bliid mei de sluting fan de biblioteek: "Ik hoech alle dagen gjin boek, mar ik fyn dit net leuk. Heel erg jammer. Fijn dat je niet ver weg hoefde mei de auto. Foar de bern is dit hiel spitich", binne in pear reaksjes dy't Omrop Fryslân opheinde.

Quarré begrypt de ûnfrede yn it doarp. "Wy fine it ek hiel spitich."

Moetingsplak mei lêstafel

Tytsjerksteradiel konsintrearret de aktiviteiten no yn de biblioteken fan Burgum en Gytsjerk. Mooglik bliuwt der yn Hurdegaryp in moetingsplak mei lêstafel oer.

Wilma Quarré

(Advertinsje)
(Advertinsje)