PvdA: noed oer granulyt net foarby, Wetterskip moat better kommunisearje

18 nov 2020 - 12:23

Wetterskip Fryslân moat better kommunisearje oer de granulytkwestje en de soargen oer it brûken fan dizze kontroversjele grûnstof binne noch net foarby. Dat wie tiisdeitejûn de konklúzje fan de fraksje fan de Partij van der Arbeid yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. De partij stelde krityske fragen oer de risiko's fan granulyt foar miljeu en wetterkwaliteit.

It kanaal tusken Akkrum en It Hearrenfean by Nije Skou. By it fersterkjen fan de kade is granulyt brûkt. - Foto: Omrop Fryslân

Henni van Asten fan de PvdA hat argewaasje oer de kommunikaasje fan Wetterskip Fryslân. "Ik heb gisteren in de vergadering van het algemeen bestuur begrepen dat er geen persbericht komt. Ik heb er nadrukkelijk naar gevraagd. Want mensen in Fryslân zijn ongerust over het granulietgebruik. Men zit te vissen naast het water en wil weten wat voor rotzooi er in het water terechtkomt. En terecht natuurlijk. Ik vind dat het Wetterskip veel nadrukkelijker naar buiten moet brengen wat ze doen en dat ze nu gestopt zijn. Dat willen ze niet doen en daar ben ik eigenlijk wel boos over."

Soargen oer langere termyn

Dêrom is de noed by har noch net fuort. "Ik ben wel blij dat het Wetterskip heeft besloten om het niet meer te gebruiken. Maar het zit er nog steeds en we weten de effecten nog niet. Dat betekent dat er goed onderzoek moet worden gedaan naar de effecten, tot die tijd ben ik nog bezorgd. We wachten op het onderzoek in de Betuwe, we moeten kijken of de uitkomsten ook voor de Friese situatie gelden. Ik denk zelf van niet, maar dat zou nader onderzoek vragen."

It wetterskip seit dat it wol tafalle sil en dat it granulyt net gau yn it wetter terjochte komme sil. "Maar op de langere termijn zou dat misschien wel kunnen. Wij zullen het daarom als PvdA bij het Wetterskip en gemeente Heerenveen deze kwestie in de gaten houden."

 Henni van Asten fan de PvdA

(Advertinsje)
(Advertinsje)