Noed oer oerlêst troch jongelju yn Surhústerfean

GemeenteBelangen Achtkarspelen (GBA) hat noed oer tanimmende oerlêst troch jongelju yn en om Surhústerfean. De fraksje hat fragen steld oan it kolleezje nei oanlieding fan klachten fan boargers en ûndernimmers.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
De fraksje seit dat der groepen jongelju alkohol drinke en drugs brûke. De fraksje warskôget dat it tal fernielingen tanimme kin. Sy wolle witte oft it kolleezje fan de problemen wit en sicht hat op de groepen. Dêr binne twivels oer, om't de wykagint fan Surhústerfean en omkriten siik wêze soe. Dat soe betsjutte dat der minder taferjoch is.