FNP skriuwt iepen brief tsjin 'karbidtoerisme' nei Rânestêd

18 nov 2020 - 10:46

Aant-Jelle Soepboer en Sijbe Knol fan de FNP hawwe in iepen brief skreaun oan bewenners fan de Rânestêd mei it boadskip: bliuw fan ús karbid ôf. Neffens de partij is der de ôfrûne dagen in run op karbid ûntstien. Fjoerwurk mei fanwegen it coronafirus net dit jier, mar karbid noch wol.

Foto: Sijbe Knol

Neffens de FNP nimme sa de risiko's op ûngelokken ta. It is wachtsjen op it earste lid fan in molkbus dat oer it Leidseplein jage wurdt mei âldjiersjûn, sa skriuwe de manlju. Sy keare harren tsjin 'karbidtoerisme' út it Westen. Sy litte yn de brief witte: "Beste bewoner, beste burgemeester: neem voor uw eigen stad verantwoordelijkheid en gun het platteland haar traditie. Wij laten u ook graag met rust."

Trefwurden: 
FNP karbid iepen brief
(Advertinsje)
(Advertinsje)