Ma Kelly's yn Fryske Peallen moat slute: mei corona kin it net mear út

18 nov 2020 - 10:37

Muzykkafee Ma Kelly's yn Fryske Peallen slút de doarren. It behearderspear Eppie en Jolanda van der Harst hat besletten net troch te gean mei it kafee, de snackbar en it jierlikse 'crossed guitar'-festival. Reden: de coronakrisis.

Eppie van der Harst fan Ma Kelly's Muziekcafé - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It kafee is dêrmei it safolste slachtoffer fan de krisis. Want troch alle beheinings kin it net mear út. Jierrenlang wisten artysten út binnen en bûtenlân it kafee te finen dat syn namme te tankjen hat oan de band Status Quo.

Ofskied fan in passy

"Wy moatte ôfskied nimme fan in passy", seit Eppie van der Harst. Mar it kin sa net langer. "Fiif moanne ticht en dus ek gjin ynkommen. Fan dy fergoeding fan de regearing kinst krekt it gas betelje. Dit is net fol te hâlden."

De behearders hawwe de lêste tiid it ytdiel fan Ma Kelly's útboud. "Myn frou kaam mei it pubfood-idee. Iterij is de takomst, tochten wy."

Gjinien kin fan de apels oan de beammen libje.

Eppie van der Harst, Ma Kelly's

It is no oer en foarby. "Wy hawwe de stekker derút lutsen, want we moatte fierder. Gjinien kin fan de apels oan de beammen libje. "

Eppie siket no in baan as sjauffeur op de bus of de frachtwein, wat er earder ek die, en Jolanda is ek drok oan it sollisitearjen.

Eppie van der Harst: "Fiif moanne gjin ynkommen"

(Advertinsje)
(Advertinsje)