Miny-replika fan it swurd fan Grutte Pier: 18 karaat goud en 500 diamantsjes

18 nov 2020 - 10:21

In mastergoudsmid fan De Jouwer hat in replika makke fan it swurd fan Grutte Pier, mar dan op skaal. It swurdsje is makke fan 18 karaat goud en der sitte 500 diamanten op. Wearde: leafst 37.000 euro. En dat wylst smid Watze van der Wal it net yn de ferkeap smyt. Hy hat it makke út syn eigen fassinaasje foar swurden. "Sa no en dan makket in edelsmid wat foar himsels, gewoan om't hy it leuk fynt," sa skriuwt Van der Wal.

Besjoch hjir hoe't it swurd yn de studio fan Omrop Fryslân sjen litten wurdt:

Swurd Grutte Pier replika

Van der Wal is de iennige mastergoudsmid fan de provinsje en hy hat de replika yn syn frije oerkes makke. Yn 2020 is de Fryske folksheld Grutte Pier 500 jier dea. Foar Van der Wal wie it in moaie oanlieding om it swurd te meitsjen. Hy hat kontakt opnommen mei it Fries Museum om de krekte maten op te mjitten. Under begelieding hat er foto's makke en it echte swurd metten.

Foto: Johan Brouwer

It gouden swurdsje is tsien kear lytser as it orizjineel: 21 sintimeter. Op de greep sitte 500 diamantsjes, foar elts stjerjier ientsje. Van der Wal earet de Fryske folksheld mei it swurd, dat er yn syn winkel tentoanstelt.

Mastergoudsmid Watze van der Wal

(Advertinsje)
(Advertinsje)