GGD, kommersjeel, fluchtest: wêr en wat is mooglik yn Fryslân?

18 nov 2020 - 09:41

"Bij klachten blijven we thuis, en laten we ons testen", de measte minsken kinne it rideltsje fan de Ryksoerheid hast dreame, mar wêr kinne je yn Fryslân in test dwaan litte, en binne der ek ferskillen tusken de testlokaasjes? Omrop Fryslân socht it út.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Yn Fryslân is der in ferskaat oan testlokaasjes, mar net eltsenien kin op alle testlokaasjes teplak. Sa binne der soarchynstellingen dy't harren eigen teststrjitten regele hawwe. Dêr meie allinnich de meiwurkers fan de soarchynstelling test wurde. Sa hat Patyna in eigen testlokaasje yn Snits, en Noorderbreedte ien yn Ljouwert.

Op oare plakken kin wol eltsenien terjochte. Dizze algemiene lokaasjes binne dan ek ferspraat oer de provinsje: fan Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten oant Kollum en It Amelân. Guon fan dizze lokaasjes binne fan de GGD en binne dêrtroch fergees te brûken. Oaren wurde rund troch kommersjele partijen, en hawwe dêrtroch in priiskaartsje.

Sjoch op it kaartsje hjirûnder wêr't alle testlokaasjes binne, foar wa't se binne, en oft se fan de GGD binne as fan in kommersjele partij.

Trefwurden: 
GGD coronafirus testlokaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)