Kollum: "Gûle op it balkon"

"Freed 13 oktober 1984. It reint en waait. Moandei sil yn Warkum de tsiende Strontrace los. En de Fiskerijdagen en de beurt nei Amsterdam. Ik haw organisator Reid skille. Wol in radio-ynterview, hy hat it ommers allegear betocht. Hy akselet tsjin, soks wol hy noait. Ik krij him net fierder as dat hy efkes yn Séburch, de kroech op de Warkumer haven, komme sil.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
Sân bearenboarchjes letter jout hy ta. Ik kuierje mei him de haven op. We sitte op twa skippen. It wetter kloppet lûd tuskens de warringen as eftergrûn foar Reid syn wurden en wearden. Dan komt de slotfraach: elts jier as de skûtsjes fuortsile stapst yn dyn 'lelijk eendje', en fleanst de seedyk oer nei dyn hûs, de fjoertoer fan Warkum. Wêrom? "Dan sta ik op mijn balkon en dan huil ik... Dan huil ik".
Noch nea sa'n moai ein oan in ynterview hân. Gau nei de studio en montearje. By Blauhús begjin ik lykwols al te twiveljen. By Tsjerkwert op in parkearplak: kofferbak iepen, sjen. Ferdomme, noait in bantsje op it opname-apparaat dien. Tsien minuten stie ik ferweesd yn de rein. Doe bin ik mar nei hûs gien, soks kinne je net oerdwaan. In unyk ynterview nei de kloaten troch kloaterigens.
Reid is ferline wike ferstoarn. Wie al wat minnich de lêste jierren. Ik dwaal wat troch de telefyzjedokumintêren dy't Johan van der Zee yndertiid mei him makke hat. Dan docht wer bliken wer dat Reid in echte âlderwetske natuerman wie. Us fertelle woe dat je ek wol op de âlde wize libje koene. Sa't de echte fjildminsken yn Fryslân ek tinke, dogge en somtiden opskriuwe.
Sneintemoarn harke ik nei Vroege Vogels. Dan fernim ik dat natuerorganisaasjes, werûnder It Fryske Gea, de lânbou én provinsjes woansdei in rêdingsplan foar de skries oanbiede sille oan minister Schouten fan Lânbou. Skriezen geane nammentlik ek dea. Moai plan, mei wol allegearre de bekende maatregels wêr Fryske fjildminsken al jierren om freegje. No is it lanlik opset, dan kin it jild moai út Den Haag komme. Oeral gebieten fan 1.000 bunder ynrjochtsje mei betingsten dy't goed binne foar de skries. Goed. Op papier. Mar fan in plan is noch noait in skries better wurden. As it útfierd wurde moat, sil der earst elts jier 40 miljoen op it kleed komme moatte.
Dat is der fuort noch net. Want, it plan is ek fan de provinsje. It seit dat it wetterpeil foar de skries 10 oant 20 sintimeter ûnder it meanfjild moat. Dy selde provinsje seit yn it feangreiderapport dat it net mear as 40 sintimeter hoecht te wêzen. Sit de skries net op de feangreide. Wat wolle jim no?
En sjit op. Fryslân is ferneamd om de skries, dat moat sa bliuwe. Al wiene natuerorganisaasjes altyd, lit ik it foarsichtich sizze, wat skruten om eltsenien dy skries sjen te litten yn har gebieten. Dat is no ek oars: In nammewedstriid. As je it goed hawwe bringt Arriva jo fergees yn in Fryske Gea-gebiet. Dan mei je rûnstrune yn bygelyks de Warkumerwaard, dêr't je oars net komme meie. Wat, neffens Trouw wurde je no oproppen om elitêre safarytrips te meitsjen yn Nederlânske natuergebieten
Huuh. Sokke termen brûkt Merk Fryslân ek yn it promoatsjen fan Fryslân. In pear wiken lyn haw ik dêroer op dit plak al it ien en oar yn de jittik soppe. De FNP wurdt no ek wekker. Fansels, as sy Noardeast-Fryslân de ein fan de wrâld neame en de lju dy't dêr wenje as stive harken sketse. No ja, somtiden as je hearre hoe't sy dêr omgrieme mei de ferkeap fan it Kollumer gemeentehûs, dan fytse je wol in eintsje om.
No bin ik fan Reid fia de skries yn de gemeentepolityk fan Noardeast-Fryslân kaam. Lit se dêr no mar op eigen wize reklame meitsje foar de toeristen. En lit de provinsje, natuerorganisaasjes en lânbou ien goed natuer-lânbouplan meitsje en útfiere. Alles byinoar. Ien plan. Moarn. Dan kinne we yn dy Warkumerwaard bygelyks wer prachtich nei de skries sjen wylst de blommen troch de rûge dong hinne komme. Sa't wy fan Reid syn balkon ôf sjen kinne dat it yn de waard wer allegearre goed is. Dan kinne wy der ek ris lokkich skrieme. As neitins."