Flyers-spiler Brent Janssen twivelet oer ferfolch iishockeykarriêre

18 nov 2020 - 08:16

IIshockeyer Brent Janssen is 33 jier âld en spilet hast syn hiele karriêre by de UNIS Flyers op It Hearrenfean. Dit seizoen is der troch coronamaatregels noch gjin duel spile, en it is ûndúdlik oft dat noch barre sil. Janssen traint foarearst op frijwillige basis troch, mar hâldt ek rekken mei in ôfskied fan syn topsportlibben.

Brent Janssen twifelt oer ferfolch iishockeykarriêre

Ien fan de lêste wedstriden fan Janssen wie de striid om it Nederlânsk kampioenskip. Yn in útferkocht Thialf wûnen de UNIS Flyers begjin maart de finale tsjin Den Haag mei 4-2. Yn jannewaris hellen se de bekerfinale ek al binnen, troch mei 5-2 te winnen fan Nijmegen.

"Nu staat de boel stil"

Doe't yn maart de play-offs om de BeNe League-titel úteinsette soenen, waard troch it coronafirus it seizoen fuortendaliks ôfbrutsen en net wer ynhelle. "Nu staat de boel stil. We staan af en toe wel op het ijs, maar geen wedstrijden", fersuchtet Janssen.

Om't it ferline jier sa goed gie, wie Janssen noch wol entûsjast om troch te gean. Troch it gebrek oan wedstriden is de wille der wat fan ôf. "Ja, je wilt prijzen pakken en dat zat er ieder jaar ook wel echt in. Helaas is dat nu een beetje ten einde gekomen."

Brent Janssen spilet sûnt 2005 yn it earste fan de Flyers. Tusken 2007 en 2010 makke hy in útstapke nei de Amstel Tijgers yn Amsterdam. Dêrnei wie hy basisspiler op It Hearrenfean en benammen yn de lêste jieren pakte hy in soad prizen mei de UNIS Flyers.

  • 2016: Beker en lânstitel
  • 2017: Beker, lânstitel en BeNe League-kampioenskip
  • 2018: Ron Berteling Schaal (Supercup)
  • 2020: Beker (13e) en lânstitel (10e). De striid om de BeNe League-titel waard skrast fanwegen corona.
(Advertinsje)
(Advertinsje)