Ek de ChristenUnie nimt Lelyline op yn ferkiezingsprogramma

18 nov 2020 - 08:12

De ChristenUnie wol ek dat it Ryk ynvestearret yn de Lelyline, it spoartrajekt dat ûnder oare tusken Grins, Drachten, It Hearrenfean en Amsterdam ride moat. Dit stiet yn it ferkiezingsprogramma fan de politike partij.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de ChristenUnie is it oanlizzen fan de Lelyline helber, betelber en skeelt it flink wat reistiid. De ôfrûne jierren hat de partij mei in moasje al frege om ûndersyk.

"Ik hoop dat we deze spoorverbinding zo spoedig mogelijk kunnen realiseren, daarom moet er in een nieuwe kabinetsperiode worden gezorgd dat de benodigde middelen hiervoor worden bestemd. Laten we daarbij ook kijken naar het groeifonds," lit Twadde Keamerlid Stieneke van der Graaf witte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)