Wetterskip Fryslân brûkt foarearst gjin granulyt mear en wachtet ûndersyk ôf

Wetterskip Fryslân sil de kommende tiid de kontroversjele grûnstof granulyt net mear brûke en hat it ek út de bestekken fan kommende projekten helle. Dat sei bestjoerder Jan van Weperen tiisdeitejûn tsjin it algemien bestjoer fan it wetterskip yn antwurd op fragen fan de PvdA.
De Heafeart súdlik fan De Deelen © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Ut ûndersyk fan it telefyzjeprogramma Zembla hat bliken dien dat granulyt as it yn kontakt komt mei wetter gefaar opsmite kin foar it miljeu en de folkssûnens. De PvdA yn de gemeente Hearrenfean kaam der efter dat de grûnstof ek yn dizze gemeente brûkt is en spruts har soargen út op Omrop Fryslân.
Neffens Van Weperen is al nei de útstjoering fan Zembla oan it begjin fan dit jier it beslút naam om granulyt foarearst net mear te brûken.
Wetterskip Fryslân hat tusken 2011 en 2016 trije boezemkaaien meitsje litten wêrby't granulyt brûkt is. It giet om de wâlskant fan de Alde Rien tusken Snits en Easthim, om in flink stik fan de eastlike kaai fan it kanaal nei It Hearrenfean by Akkrum en om de wâlskant fan de Heafeart tusken De Deelen en Ulesprong. By it lêste projekt is 120.000 ton granulyt brûkt.

Wetterskip wachtet ûndersyk yn de Betuwe ôf

Der rint op dit stuit by in projekt yn it gebiet Over de Maas yn de Betuwe dêr't granulyt brûkt is in ûndersyk nei it mooglik frijkommen fan acrylamide, in kankerferwekkende stof. De resultaten fan dat ûndersyk, dat útfierd wurdt troch Arcadis, wurde yn jannewaris takommend jier ferwachte.
Wetterskip Fryslân wachtet de útkomst fan dit ûndersyk ôf en beslút dêrnei oft der oanlieding is om ek in eigen ûndersyk by de Fryske projekten út te fieren, sei Van Weperen. It granulyt is hjir tadutsen en soe net yn direkt kontakt mei wetter komme kinne.
Henni van Asten fan de Partij van de Arbeid is noch net hielendal tefreden oer hoe't Wetterskip Fryslân mei de granulyt-kwestje omgiet. Sy fynt dat it wetterskip sels folle aktiver kommunisearje moat oer it brûken fan granulyt én oer it beslút om it foarearst net mear te brûken. "Mensen zitten te vissen aan de waterkant en willen weten wat voor rotzooi er in het water terecht komt, en terecht. Dat it Wetterskip hier zelf niet meer over communiceert, daar ben ik eigenlijk wel een beetje boos over."
It kanaal tusken Akkrum en It Hearrenfean by Nije Skou. By it fersterkjen fan de kaai is granulyt brûkt. © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei Henni van Asten (PvdA) oer de granulyt-kwestje