Wilhelminapark yn Snits wurdt opknapt: yn âlde gloarje, mei in nij monumint

18 nov 2020 - 07:07

Twa jier lang is deroer praat, mar woansdei kin de Stichting Sneek van Weleer lang om let úteinsette mei it opknappen fan it Wilhelminapark yn de stêd. It giet om in ambisjeus projekt, dat it park wer yn folle gloarje werstelle moat.

It Wilhelminapark yn 2011 - Foto: Wikimedia Commons

Foarsitter Janny Jaarsma fan Stichting Sneek van Weleer fertelt dat it park yn 1898 oanlein is mei it ynhuldigjen fan keninginne Wilhelmina. "Sûnt dy tiid is dit in unyk park, in rêst -en sammelplak foar in soad minsken. Foar eltsenien is der wol wat te finen yn it park. It park is ûntwurpen troch de bekende túnarsjitekt Gerrit Vlaskamp. It is flak by it sintrum fan Snits. Eltsenien kin der terjochte foar natuer en bisten. It is in bytsje it Vondelpark fan Snits."

"Draachflak nedich"

Dochs moat der wat barre, seit Jaarsma. "Yn dy goed 120 jier binne der in tal dingen ferdwûn. Lykas de beambuordjes en de bisteferbliuwen. It is in bytsje efterút gien." Dêrom binne der plannen makke om it op te knappen. "Wy hawwe der twa jier oer dien, om't wy mei de finânsjes sieten. Wy moatte draachflak hawwe. It moat foar de stêd en foar de wyk wol oan bepaalde punten foldwaan om subsydzje te krijen. Dêrom hawwe wy op 'en paad west mei minsken fan de gemeente om te sjen wat wy ferbetterje kinne. De gemeente kin it allinne mar in waarm hert tadrage."

Nij monumint

Der komt ek in nij monumint yn it park. "It hûs yn it park is al in monumint, dêr hawwe fjouwer parkwachten yn sitten. Sy hawwe it park goed fersoarge, mar sy binne der no net mear. Wy woene dêrom graach in monumint delsette foar de parkwachters, want harren bydrage hat ek tige wichtich west foar ús. Wy sille no banken ferfange, der komt in nij ANWB-boerd en it monumint wurdt de ôfsluting. Woansdei sette wy útein mei it pleatsen fan nije beambuordsjes mei de gemeente."

It duorret noch wol efkes foar't it wurk klear is. Jaarsma: "It wurk is hooplik mei de Monumentendagen klear. Op 18 septimber hoopje wy in iepening mei in lyts feestje te hâlden, as dat wer kin mei it coronafirus."

Foarsitter Janny Jaarsma fan Stichting Sneek van Weleer

(Advertinsje)
(Advertinsje)