Nije sompe by Koudum moat op tiid klear wêze om see-earnen net te fersteuren

18 nov 2020 - 06:43

Oan de eastkant fan de Galamadammen by Koudum wurdt oan de râne fan de Ald Karre in nij stik sompe en bûtlân oanlein. It wurk yn it ferlingde fan De Fluezen makket it diel út fan in bredere oanpak troch de provinsje om de rânen fan de mar natuerfreonliker te meitsjen.

Nije sompe oanlein by de Galamadammen

Foardat it Hooglandgemaal yn Starum der wie, stie it lân oan de râne fan de Fryske marren geregeld ûnder wetter. Dat smiet in bysûnder rike natuer op. Omdat it wetterpeil yn de boezem no folle stabiler is, wurdt der in nije dyk makke dêr't behearder It Fryske Gea dy âlde situaasje mei simulearje kin.

"It wie no eins gerslân dat ek noch agrarysk yn gebrûk wie", seit distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea. "En dat sette wy eins om, nei in sompegebiet dêr't ek in stikje dynamyk yn komt. It wetter stiet yn de simmer leech en yn de winter wer heech. In soarte fan bûtlân-eftige situaasje."

Wurk oan in nije dyk wêrbinnen de nije sompe komt - Foto: Omrop Fryslân/Remco de Vries

Distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea

It wurk wurdt útfierd yn opdracht fan de provinsje en moat foar 1 desimber klear wêze, omdat de see-earnen dy't dêr tichtby briede oars fersteurd wurde. Soarten dy't mooglik holpen wurde mei de nije situaasje binne de noardske wrotmûs en de reiddomp.

Greidefûgels soene it wetter brûke kinne om bygelyks fretten te sykjen yn drûge tiden fan it jier. It kin ek mear wetterwyld oanlûke, wat wer goed is foar de see-earnen. Mar it wichtichste is dat it in hiel rêstich gebiet is, dêr't de natuer mei rêst litten wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)