Brân yn hûs oan de Tjerk Hiddesstraat yn Ljouwert

18 nov 2020 - 06:39

Yn in hûs oan de Tjerk Hiddesstraat yn Ljouwert hat tiisdeitejûn in brân west. Der wiene ferskate brânwachten op it plak om it fjoer út te krijen. De brân wie op ûnder. Der wiene gjin minsken binnen, mar om't dat net fuortendaalks dúdlik wie hat de brânwacht wol opskaald nei in middelbrân.

De brân ûntstie krekt foar 22.30 oere. Hoe't de brân krekt ûntstean koe, is net dúdlik. De plysje docht ûndersyk nei de brân en freget tsjûgen om harren te melden.

Foto: Kappers Media
(Advertinsje)
(Advertinsje)