Liveblog | 18 novimber 2020

Coronanijs fan 18 novimber: GGD hat noed oer tal Fryske besmettingen | Gjin NOW-stipe foar SC Hearrenfean

Yn dit liveblog is it lêste nijs oer it coronafirus te folgjen.
Lêst bywurke: 18 novimber 2020, 22:49
woansdei 18 novimber 2020
22:50

Ein fan dit liveblog

We slute it liveblog. Tank foar it folgjen. Tongersdei is der wer in nij liveblog.
22:19

Keamer wol ûndersyk nei etyske kant fan faksinaasjebelied

De Twadde Keamer wol in ûndersyk nei etyske dilemma's dy't der binne by it faksinaasjebelied tsjin it coronafirus. In mearderheid ûndertekene in moasje hjirta fan de ChrstenUnie. De Keamer en it kabinet binne tsjin in faksinaasjeplicht mar der is ûndúdlikens oer mooglike "indirecte dwang of drang", as minsken bepaalde foardielen hawwe soene as se harren yninte litte.
Under mear de PVV, SGP en DENK wolle dy yndirekte driuw of twang net. Mar regearingspartij VVD slút in yndirekte plicht net út, die bliken by it coronadebat. VVD-Keamerlid Hayke Veldman sei dat hy yn it foar gjin doarren ticht goaie woe. Earst is neffens him in etyske diskusje nedich. CDA en D66 binne ek net foar in driuw by it faksinearjen, mar de koälysjepartijen kinne harren foarstelle dat der foar faksinearren bepaalde frijheden komme. It kin bygelyks gean om it besykjen fan ferpleechhuzen.
Soarchminister Hugo de Jonge liet de Twadde Keamer woansdei opnij witte dat hy tsjin in faksinaasjeplicht is en ek gjin yndirekte plicht wol. Neffens him soe dat averjochts wurkje, sadat minsken harren just net yninte litte as de coronafaksins beskikber komme. De CDA'er woe just ynsette op goede en iepen foarljochting sadat minsken selsstannich derfoar kieze kinne harren te faksinearjen.
De VVD twong ek oan op in flugge kampanje troch it kabinet om minsken te oertsjûgjen fan "nut en noodzaak" fan faksinearjen tsjin it coronafirus. Neffens Veldman is dat hurd nedich, om't it al wimelet fan nepnijs en spûkferhalen oer de faksins dy't yn de maak binne.
19:23

Soad Nederlanners hawwe soargen oer risiko's Covid-faksin

In mearderheid fan de Nederlanners wol him net direkt yninte litte wannear't der in faksin tsjin it coronafirus beskikber komt. 'Faksinaasjetwivelers' meitsje harren benammen soargen oer de risiko's fan it faksin. Dat sizze ûndersikers fan ûnder mear de TU Delft, Universiteit Maastricht en it RIVM.
""Ons onderzoek laat zien dat in het gunstigste geval, wanneer een vaccin zeer effectief is en weinig bijwerkingen heeft, 39 procent van de Nederlanders dit vaccin direct wil hebben, terwijl 48 procent liever afwacht wat de ervaringen zijn van anderen en 13 procent het vaccin zal afwijzen", seit TU Delft ûndersiker Niek Mouter.
"De vaccinatiebereidheid is flink lager als een vaccin voor ernstige bijwerkingen zorgt. Je krijgt dan al snel te maken met grote groepen 'vaccinatietwijfelaars' en 'vaccinatieweigeraars'", sa seit Mouter.
Neffens de ûndersiker rjochtet it publike debat him no benammen noch op de 'faksinaasjewegerders' en is der net in soad omtinken foar de 'faksinaasjetwivelers'. Neffens Mouter is der ferlet oan ynformaasje oer bywurkingen fan it faksin. "Algemene informatie is niet voldoende. Veel twijfelaars willen informatie over de bijwerkingen onder mensen van dezelfde leeftijd of met dezelfde aandoeningen, zoals diabetes, overgewicht en hartklachten. Niet alleen is de continue monitoring van de bijwerkingen heel belangrijk, maar juist ook goede communicatie hierover richting de bevolking om vaccinatiebereidheid te bevorderen".
19:15

Rutte: regels earste twa besmettingsnivo's moatte stranger

De maatregels út de earste twa nivo's fan de 'rûtekaart', wêryn't de coronamaatregels op besmettingsnivo steane, moatte stranger wurde. Dat sei premier Mark Rutte by in debat oer it coronafirus.
Neffens him die yn septimber bliken dat de regels út nivo 2 ('zorgelijk') net swier genôch binne. Ek de maatregels fan it earste nivo ('waakzaam') "moeten sterker gemaakt worden". As dy dat earder west wienen, "hadden we het virus niet terug hoeven krijgen", sa seit de premier.
Foar beide nivo's jilde no gjin beheiningen foar sporten en de groepsgrutte as minsken bûten binne. Fan nivo 2 ôf meie minsken thús maksimaal seis minsken út in oare húshâlding ûntfange, jildt der in beheinde groepsgrutte foar "samenkomsten" en moat de hoareka om 01.00 oere ticht. Foar nivo 1 jilde op dy lêste twa punten allinnich in registraasjeplicht.
Begjin desimber wurdt de oanskerpe rûtekaart nei de Twadde Keamer stjoerd, seit Rutte.
18:45

Hast heal miljoen euro foar Cambuur, gjin twadde NOW-stipe foar Hearrenfean

SC Cambuur krige 468.188 euro NOW-jild foar de perioade july oant en mei septimber. Dat meldt de NOS. De NOW-regeling is in tydlike 'Noodmaatregel Overbrugging Werkgelegenheid'. Bedriuwen kinne mei dizze regeling by foars omsetferlies in temjittekomming fan de oerheid krije om personiel troch te beteljen. Klups yn it betelle fuotbal kinne ek gebrûk meitsje fan dizze regeling.
SC Hearrenfean komt as iennige earedifyzje-klup net yn it register fan it UWV foar. De klup lit witte wol in oanfraach dien te hawwen, dy't ek takend is, mar it bedrach is direkt nei it ôfrûnjen fan de miljoenetransfer fan oanfaller Chidera Ejuke nei CSKA Moskou weromstoart.
Tiisdei kaam yn it nijs dat by de klup SC Hearrenfean tsien banen ferdwine.
17:48

GGD hat soargen oer tal coronabesmettings

GGD-dokter Everhard Hofstra makket him soargen oer it wer oprinnende oantal coronabesmettings yn Fryslân. It RIVM melde woansdei 116 nije besmettings, it heechste tal besmettings yn de twadde weach. Dêrneist wiene der yn it ôfrûne etmiel acht stjergefallen. "Deze aantallen willen we nu niet zien", seit Hofstra.