Doek falt foar bekeraventoer Harkemase Boys, KNVB smyt amateurs út bekertoernoai

De amateurklups ferdwine út it bekertoernoai fan de KNVB. Dat seit direkteur Jan Dirk van der Zee fan de KNVB. Troch de coronamaatregels dy't no jilde, kinne se net meidwaan.
Harkemase Boys yn de earste ronde fan de KNVB Beker © www.orange-pictures.nl
"De amateurclubs kunnen op geen enkele manier trainen, laat staan een wedstrijd spelen. Die gaan eruit", seit Van der Zee op Radio 1. Harkemase Boys siet as iennichste Fryske amateurferiening noch yn it lanlike bekertoernoai. Op 2 desimber stie it duel tsjin Kozakken Boys op it programma.
Earder sei foarsitter Sippe Heeringa fan Harkemase Boys al dat de klup der net mear op rekkene dit seizoen in bekerwedstriid te spyljen. "De beker is fansels hiel ynteressant foar de finânsjes. Hoe fierder ast komst, hoe heger de fergoeding en hoe grutter de kâns datst in moaie tsjinstanner lottest. Yn 'e earste ronde krijst in fêste fergoeding fan 10.000 euro, by de folgjende ronde is dat al 20.000 euro."
It fuotbalûn KNVB hat earder meld dat de amateurs in finansjele fergoeding krije, as se út it toernoai helle wurde.