Ried Smellingerlân wol gau mei ferûntrêste amtners yn petear

17 nov 2020 - 22:32

De gemeenteried fan Smellingerlân moat de krityske brief fan de amtners oan de gemeenteried serieus nimme en gau mei harren yn petear gean. Dat wol de ChristenUnie yn de ried fan Smellingerlân.

De ried fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

"De bestjoerlike ûnrêst makket it wurk foar de amtners dreech en soarget ek foar frustraasje by de amtners. Dêr moatte we each foar hawwe", seit fraksjefoarsitter Jouke de Jong. Syn partij fynt dat der in petear komme moat mei de amtners en dat der wurke wurde moat oan mear feilichheid en betrouwen oer en wer. "It brief fan de amtners is echt by ús binnenkommen", seit De Jong. Hy fynt dat it brief 'in serieuze reaksje' fertsjinnet.

De amtners wiene sa bot frustrearre en teloarsteld yn de gemeenteried, dat se in brânbrief skreaun hawwe oan de riedsleden. Se hawwe besocht de begrutting slutend te krijen, mar dat slagge net, skreaunen se, neidat meardere partijen feroarings oanbrochten.

"De ambtenaren voelen duidelijk onderwaardering van de raad", seit riedslid Luciënne Meinsma fan GrienLinks. "Deze raad moet zich diep schamen. Het vertrouwen tussen ambtenaren, management, directie en raad moet worden hersteld."

"Een zorgwekkend signaal"

"De organisatie heeft keihard aan de noodrem getrokken", seit SP-fraksjefoarsitter Michiel Schrier. "We moeten proberen om de kloof weer te dichten." Schrier neamt it brief 'een zorgwekkend signaal'. "Zijn wij nog wel een aantrekkelijke werkgever voor de ambtenaren die wij hard nodig hebben?"

De gemeenteried spruts yn in moasje ienriedich út dat de ried achter de wurknimmers fan de gemeente stiet en it sinjaal dat útgiet fan it brief fan de amtners tige serieus nimt. Dy ienriedigens wie der net fuortendaliks, mar kaam der wol nei in koarte skorsing.

"Wy sille yn petear gean mei de amtners", seit Meine Hofman fan Smallingerlands Belang. "Dêr hawwe we it yn it presidium ek oer hân, dat it dochs wol nedich is. It is in taak fan ús fine wy, om de soargen wat wei te nimmen."

Sjoch hjir nei in petear mei Meine Hofman.

Krisis yn Smellingerlân: Smallingerlands Belang

Smellingerlân wachtet yn spanning ôf wat de provinsje dwaan sil mei de gemeentlike begrutting dy't ferline wike yntsjinne is. It gemeentebestjoer twifelet oft dy begrutting wol deechlik genôch is om grien ljocht fan de provinsje te krijen.

De partijen ELP, CDA, Smallingerlands Belang hawwe as betinkers fan in 'alternative begrutting' mear betrouwen, mar dochs fynt ek fraksjefoarsitter Marco Molhoek fan de VVD it wol spannend hoe't it komt mei it oardiel fan de provinsje.

Sjoch hjir nei in petear mei Marco Molhoek.

Krisis yn Smellingerlân: VVD

(Advertinsje)
(Advertinsje)