Premier Rutte: Musea en teäters wer iepen, ferdiel Sinteklaasfeest oer meardere dagen

17 nov 2020 - 19:14

Musea, bioskopen, swimbaden, teäters, pretparken en bistetunen meie fan tongersdei ôf wer iepen. Dat hat minister-presidint Mark Rutte sein yn in parsekonferinsje oer it coronafirus. De hoareka bliuwt de kommende tiid lykwols noch ticht en ek Sinteklaas fiere mei de hiele famylje sit der net yn. It maksimum tal minsken yn 'e hûs giet fan twa nei trije. Neffens minister Hugo de Jonge binne foarsichtige ferrommingen by delgeande sifers pas op syn betiidst healwei desimber mooglik.

Foto: NOS

"De cijfers laten zien dat de maatregelen werken, of eigenlijk dat ons gedrag werkt. Ook dat die beroemde R, het reproductiegetal, nu duidelijk onder de 1 zit. Natuurlijk hoop je altijd op nog meer, nog beter en nog sneller. Maar over het algemeen houdt het grootste deel van Nederland zich aan de regels. Hoe moeilijk dat ook is", sei premier Rutte.

Hy sjocht lykwols wol romte foar ferbettering yn bygelyks de supermerk en op it gebiet fan thúswurkjen. Ek it gedrach yn oare winkels en efter de foardoar moat better, neffens Rutte.

Bioskopen en teäters wer iepen

De ekstra maatregels dy't twa wiken lyn oankundige waarden, rinne woansdeitenacht om 00:00 oere ôf. Dat betsjut dat ûnder mear bioskopen, teäters, pretparken en musea op tongersdei wer iepen meie.

De maatregels dy't sûnt 30 oktober jilde, bliuwe noch wol fan krêft. Dat betsjut ûnder mear dat de hoareka tichtbliuwt, der gjin publyk tastien is by sportwedstriden en dat it ferkeapferbod fan alkohol nei acht oere yn stân bliuwt. Ek it reisadvys foar it bûtenlân bliuwt ûnferoare: allinnich as it echt needsaaklik is.

Teste

Neffens Rutte 'gloort er licht aan het einde van de tunnel'. "Er zijn allerlei plannen en experimenten in de maak. We kijken natuurlijk vooruit. Welke stappen moeten we zetten om deze crisis achter ons te laten? Wat geeft ons perspectief?", seit Rutte. Hy neamt dan grutskalige faksinaasje en noch mear en flugger teste.

Coronaminister Hugo de Jonge makke dêrnei bekend dat it fan 1 desimber ôf mooglik is om nei kontakt mei in coronapasjint test te wurden, ek as der gjin klachten binne. Dan giet it bygelyks om wannear't ien in berjocht hân hat fan de corona-app CoronaMelder of nei foaren kaam is yn in boarne- en kontaktûndersyk.

Dat bart dan nei fiif dagen nei it kontakt. As de test negatyf is, hoege je dêrnei net mear yn karantêne, sa seit De Jonge. Op it stuit moatte je nei kontakt noch tsien dagen yn karantêne, en kinne je je sûnder klachten net testen litte.

Feestdagen

It Sinteklaasfeest fiere mei de hiele famylje sit der dit jier neffens it kabinet yn. "Verdeel het feest anders over een paar dagen", is it advys fan premier Rutte. "En neem een voorbeeld aan de coronaproof-intocht van Sinterklaas."

Oer de krystdagen is noch gjin beslút naam. Minister De Jonge tinkt dêr begjin desimber mear dúdlikens oer jaan te kinnen. "Juist dit jaar is extra aandacht nodig voor elkaar en onze omgeving. Dan helpt het als de kersttafel weer iets groter is. Tegelijkertijd moeten we zorgen dat we onszelf geen derde golf cadeau doen", seit De Jonge. "Hou vol."

(Advertinsje)
(Advertinsje)