'Falsk alarm' blykt dochs keukenbrân yn wensoarchsintrum Surhústerfean

De brânwacht is tiisdei twa kear útriden nei oanlieding fan in automatyske brânmelding út in wensoarchsintrum yn Surhústerfean. De earste kear waard tocht dat der sprake wie fan in falsk alarm, en dêrom gongen de brânwachtminsken wer werom nei de kazerne. Doe't dúdlik wie dat der echt brân wie, setten se opnij koers nei it soarchsintrum.
© SRFotografie
Dêr die bliken dat der in magnetron yn de brân stie, yn in appartemint op de earste etaazje. Noch foardat alle brânwachtminsken der wiene, wie it fjoer ûnder kontrôle. Neffens in wurdfierder fan de brânwacht rekke der net ien ferwûne. Se koe net sizze hoe't it koe, dat der earst melden waard dat it om 'loos alarm' gong. Dat moat noch ûndersocht wurde, seit se.
De brânwacht meldt dat de brân foar in protte reek soarge yn it gebou. Der soe net ien ferwûne rekke wêze. Bewenners binne opfongen yn it restaurant. Neffens de brânwacht koe dat, omdat it gebou bestiet út meardere brânfrije kompartiminten. Dêrtroch stie der by de evakuaasje net ien op strjitte.