Deputearre De Rouwe nimt de tiid foar begrutting Smellingerlân
De provinsje Fryslân lit him by it beoardieljen fan de begrutting fan Smellingerlân net liede troch de brieven dy't de provinsje krigen hat fan it kolleezje fan B en W, en fan fjouwer fraksjes yn de gemeenteried, mar troch de sifers yn de begrutting sels. Dat seit deputearre Sander de Rouwe fan de provinsje Fryslân.
Yn de oanbiedingsbrief by de ferline wike fêststelde begrutting uteret it kolleezje fan B en W twivels oer de hâldberheid fan dy begrutting, wylst yn in twadde brief de partijen ELP, CDA, VVD en Smallingerlands Belang útlizze dat se krekt fjouwerkant efter dy wizige begrutting steane. De Rouwe seit yn in earste reaksje dat er dy brieven as 'kontekst' beskôget, mar dat de provinsje allinnich de begrutting sels toetst.
'Tsjinstellingen hearre by polityk'
"Ik haw der op himsels gjin problemen mei dat ek riedsfraksjes of riedsleden hjiroer kontakt sykje mei ús", seit De Rouwe. "Mar by ús oardiel litte wy ús liede troch de fêststelde begrutting, troch de sifers sels, en net troch de meistjoerde brieven." Tsjinstellingen hearre no ien kear by de polityk, sa seit De Rouwe, dy't fierder Smellingerlân 'in bysûndere gemeente' neamt.
Njonken De Rouwe hâldt ek kommissaris fan de Kening Arno Brok him dwaande mei tafersjoch op gemeenten as it giet om goed bestjoer. Brok wol lykwols op dit stuit noch net folle kwyt oer de situaasje yn Smellingerlân. "Stilwêze is better op dit stuit." Dy hâlding moat neffens de kommissaris lykwols perfoarst net oansjoen wurde foar passiviteit. "Der is drok oerlis, mar it is op dit stuit net passend om dêr wat oer te sizzen." Oan it doel fan de kommissaris mei net twivele wurde: "Elke ynwenner fan Fryslân hat der rjocht op om goed bestjoerd te wurden."
Delbêdzje
Yn Smellingerlân is tiisdeitejûn it twadde diel fan de riedsgearkomste dy't ferline wike einige yn rebûlje. Foarútrinnend dêrop stekke de fraksjefoarsitters de hollen byinoar yn de trouseal fan it gemeentehûs om te sjen hoe't se de kommende tiid, mei alle tsjinstelde mieningen, dochs wer troch ien doar kinne. Dat lêste hat ek de foarkar fan deputearre De Rouwe. "Wy nimme no even in pear wike tiid foar de begrutting. Ik wol de polityk yn Smellingerlân yn tuskentiid graach wat delbêdzje."