Argewaasje oer sinnepanielen yn Harns: "gjin ferstannige polityk"

17 nov 2020 - 17:38

Yn 2012 sinnepanielen op jo dak ynstallearje litte en acht jier letter fan de gemeente te hearren krije dat it tsjin it 'beschermd stadsgezicht' yn giet. Dat oerkomt ynwenners fan Harns. Der binne minsken by dy't al jierren sinnepanielen op it dak lizzen hawwe, mar no berjocht krije dat harren koartlyn oanfrege fergunning wegere wurdt.

Sinnepanielen Harnser binnenstêd wegere

En dus moatte de panielen fuort. Under oare by Sjouke Altena. Hy wennet oan de Zuiderhaven yn Harns. Yn 2012 hat hy sinnepanielen op syn dak ynstallearre. Neffens de ynstallateur, dy't út Harns komt, wie hy net fergunningsplichtich.

Acht jier lang hat er neat heard, mar no is der in brief fan de gemeente binnenkaam mei it boadskip dat de panielen wegere wurde. Ek oare bewenners hawwe sa'n brief krigen.

Gjin ferstannige polityk

Altena hat yn totaal 7.000 euro ynvestearre yn de panielen, en krige ek 700 euro subsydzje fan de oerheid. De gemeente Harns seit no dat syn panielen fuort moatte. "Dat is belachelik, natuerlik", seit Altena. "Dat is gjin ferstannige polityk."

Sjouke Altena wiist de sinnepanielen oan - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

"Der waard drige mei twangsommen as ik gjin fergunning oanfrege, wylst myn sinnepanielen al sûnt jannewaris 2012 op it dak lizze", fertelt Altena. "Yn dy tiid wie it hielendal net nedich om in fergunning oan te freegjen."

Neffens de gemeente lizze de panielen yn it sicht, en soene se allinne op platte dakken lizze meie. Altena syn panielen lizze op in trapezedak, mar binne lykwols allinnich fan de oare kant fan it wetter ôf sjen.

Sjouke Altena oer sinnepanielen yn Harns

De sinnepanielen dy't fuort moatte - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Beskerme stedsgesicht

De regeljouwing yn de gemeente Harns om sinnepanielen hinne, is dat de panielen op 1,80 meter hichte net binnen 75 meter sichtber wêze meie, om't it om beskerme stedsgesicht giet. Dochs hawwe de panielen der acht jier lein sûnder dat de gemeente der wat oer sein hat.

Soarchfâldige oplossing sykje

Wethâlder Erik de Groot sit mei de sitewaasje yn syn mage. "Vanuit duurzaamheidsbeginselen is het natuurlijk gek." Boppedat fynt de wethâlder dat der net earder yngrepen is, ek wat nuver.

"Sommige panelen liggen er al heel lang en dat is wel een punt van aandacht natuurlijk waar we zorgvuldig mee om moeten gaan. Ik vind het wel heel belangrijk dat er goed er zorgvuldig gekeken wordt naar een oplossing. We zullen er over met elkaar moeten discussiëren wat we willen met de welstandsnota waarin het beschermde stadsgezicht is opgenomen."

Wethâlder Erik de Groot - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ynsprekke yn 'e ried

In groep dupearren hat him organisearre, en sil ynkoarten ynsprekke yn de gemeenteried. Ynset is om der foar te soargjen dat de panielen bliuwe meie. Se freegje de gemeente dêryn om mear foarút te tinken op it mêd fan enerzjytransysje.

Ek yn de binnenstêd sille maatregels naam wurde moatte en neffens harren is de ryksoerheid al dwaande mei in advys om ek by monuminten rommer om te gean mei de regels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)