Gemeenten wurkje gear om enerzjytransysje makliker te meitsjen

17 nov 2020 - 15:49

De gemeenten East- en Weststellingwerf en Opsterlân sille mei-inoar gearwurkje op it mêd fan enerzjytransysje.

Foto: Shutterstock

Yn 2050 moatte alle wenningen yn Nederlân fan it ierdgas ôf en duorsume enerzjy brûke. Dy transysje is in yngewikkelde opdracht foar gemeenten. Wat is helber en wat is betelber? De trije gemeenten wolle dizze útdaging yn oparbeidzjen mei-inoar stâl jaan.

De ynwenners fan de trije gemeenten en ek lokale enerzjykoöperaasjes, wenningboukorporaasjes en netwurkbehearder Liander wurde by it proses belutsen om de oergong sa soepel as mooglik ferrinne te litten.

Ein 2021 moatte de gemeenten de earste fyzje op de waarmtetransysje fêststeld hawwe. Begjin takom jier sille de trije gemeenten begjinne mei it ûntwikkeljen fan de fyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)